Springe nei ynhâld

Temagami Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bear Island Reservaat 1)
Temagami Earste Naasje
Ingelsk Temagami First Nation
lânseigen Teme-augama Anishnabai
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier Bear Island (Ontario)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 550 (2005)
oprjochting 1850
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Bear Island Reservaat 1
lokaasje sintraal Ontario
oerflak 2,9 km²
ynwennertal 200 (2011)
offisjele webside
www.temagamifirstnation.ca
kaart
Temagami Earste Naasje (Ontario)
Temagami Earste Naasje
Lokaasje yn Ontario.

De Temagami Earste Naasje (Ingelsk: Temagami First Nation; Odjibwe: Teme-augama Anishnabai) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it sintrale part fan 'e provinsje Ontario, op in eilân yn 'e Temagami-mar. De Temagami Earste Naasje bestiet út etnyske Odjibwe en hat in lange skiednis fan konflikten mei de Kanadeeske autoriteiten. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Bear Island.

De Temagami Earste Naasje is sitewearre yn sintraal Ontario, likernôch 75 km noardeastlik fan 'e stêd Sudbury, yn it distrikt Timiskaming. It tradisjonele wengebiet fan 'e Teme-augama Anishnabai-troep beslacht mear as 10.000 km² ûnoantaaste wyldernis oan 'e igge fan 'e grutte Temagami-mar. De Yndianen neame dy krite yn it Odjibwe Nindakiiminan, of yn it pleatslike dialekt Ndakiimnan, wat "Us Lân" betsjut. Maple Mountain, yn it Provinsjaal Park Lady Evelyn-Smoothwater, is in hillich plak foar de leden fan 'e Temagami Earste Naasje, dy't dy berch Chee-bay-jing neame, "Dêr't-de-Geasten-Geane".

It Yndianereservaat fan 'e Temagami Earste Naasje is it Bear Island Reservaat 1 (Bear Island 1 Reserve), dat op Bear Island yn 'e Temagami-mar leit. Dat is it op ien nei grutste eilân yn dy mar nei it eilân Temagami. It reservaat hat in oerflak fan 2,9 km² en bestiet sûnt 1971. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Bear Island, dat ferneamd is nei it eilân.

De leden fan 'e Temagami Earste Naasje besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. De Temagami Earste Naasje bestiet spesifyk út 'e neikommelingen fan 'e tradisjonele Teme-augama Anishnabai-troep (Standert-Odjibwe: Dimii'aagamaa Anishinaabe), dat "Folk fan it Djippe Wetter" betsjut.

Neffens gegevens út 2005 hie de Temagami Earste Naasje doe 550 leden, wêrfan't likernôch 200 yn it eigen reservaat wenje, wylst 350 om utens libje. Dêrmei wennet 36,4% fan 'e stammeleden yn it Bear Island Reservaat. De oare leden keare yn elts gefal ienris yn it jier, as oan 'e ein fan 'e simmer yn it reservaat de saneamde Mienskipsdagen holden wurde, werom nei harren foarâlderlike lânsdouwe. Dy gelegeheid biedt de leden fan 'e stamme de mooglikheid om âlde famylje- en freonskipsbannen wer oan te heljen en diel te nimmen oan 'e jierlikse ferkiezings foar de Stammeried.

Ignace Tonené of Maiagizis, opperhaad fan 'e Teme-augama Anishnabai, yn 1909.

De Odjibwe fan 'e Teme-Augama Anishnabai-troep hawwe al iuwenlang yn 'e omkriten fan 'e Temagami-mar wenne, dêr't se har troch jacht, fiskerij en it sammeljen beien en oar yn it wyld groeiend iten ûnderholden. Yn 1850 wiene se ien fan 'e troepen dy't mei de Britske Kroan it Robinson-Huron Ferdrach tekene. Yn 'e 1880-er jierren bouden se wenten op Bear Island njonken de wenten dy't se al hiene op it omlizzende fêstelân.

Yn 1943 kocht it Departemint fan Yndiaanske Saken it eilân fan 'e provinsje Ontario foar in bedrach fan $3.000 om der in permanint Yndianereservaat fan te meitsjen. De leden fan 'e Temagami Earste Naasje hiene dêr lykwols gjin boadskip oan, en wegeren har permanint op it eilân nei wenjen te setten oant har alle oerheidssubsydzjes ûntsein waarden oant se ynbûnen. Uteinlik stimden se der yn 1968 ûnder twang en protest mei yn om har op it eilân te fêstigjen, dat sadwaande yn 1971 formeel de status fan reservaat krige.

De Temagami Earste Naasje joech lykwols syn oanspraken op it omlizzende lân net op, en yn 1973 spande de stamme in rjochtsaak oan tsjin 'e Kanadeeske steat om 'e ekonomyske ûntwikkeling troch dyselde steat fan dat ûnteigene lân tsjin te kearen. Nei jierren fan juridysk toulûken ferlear de Temagami Earste Naasje de rjochtsaak úteinlik yn 1984. Yn heger berop joech it Heechgerjochtshôf fan Kanada de oerheid ek gelyk, mar teffens die it de útspraak dat de Kanadeeske steat syn fidúsjêre ferplichtings foar de Temagami Earste Naasje oer, sa't dy fêstlein wiene by it Robinson-Huron Ferdrach fan 1850, net neikommen wie.

Yn 1988 karde de Ontariaanske minister fan Natuerlike Helpboarnen Vince Kerrio it trochlûken fan 'e Red Squirrel-houtsjerswei goed, dwers troch it gebiet hinne dêr't de Temagami Earste Naasje noch altyd oanspraak op makke. Dat late yn 'e jierren 1988-1989 ta in rige dykôfsettings troch de leden fan 'e stamme, dy't dêrfoar sterke stipe krigen fan miljeu-aktivisten en leden fan oare Yndiaanske stammen yn Ontario. Yn 1991 waard de Wendaban Stewardship Authority oprjochte, wêryn't fertsjintwurdigers fan sawol de Temagami Earste Naasje as de provinsje Ontario sit hiene. Dy kommisje moast it de ynrjochting fan it gebiet oan 'e houtsjerswei regelje, en betocht in plan, mar krige gjin jild om dat plan út te fieren en waard úteinlik opheft sûnder wat bedijd te hawwen.

De Temagami Earste Naasje wurdt bestjoerd troch in eigen Stammeried (Band Council), besteande út in opperhaad, in twadde opperhaad en fiif riedsleden. Alle sân leden fan 'e Stammeried wurde (wer)keazen by de demokratyske ferkiezings dy't de stamme op jierlikse basis organisearret.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.