Springe nei ynhâld

Basa fan Israel

Ut Wikipedy
Basa fan Israel
Basa, kening fan Israel
Basa, kening fan Israel
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
ferstoarnnet neamd yn 'e Bibel
stjerplakTirsa (1 Keningen 16:8)
folkIsraëlysk
Famylje
heitAchía (1 Ken. 15:27))
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernEla (1 Ken. 16:6)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade909 - 886 f.Kr.
bekend fanmoard op Nadab; oprjochting dynasty fan Basa; misdieden tsjin profeten
neamd yn1 Keningen 15:33–16:7
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Basa († 877 f.Kr.) wie de tredde kening fan it keninkryk Israel. Syn regear foel tusken 900 en 877 f.Kr.

Neffens it Alde Testamint wie Basa in soan fan Achía út de stam Issakar. Hy waard kening troch syn foargonger kening Nadab te deadzjen, op in momint dat Israel de Filistynske stêd Gibbeton belegere. Nei't Basa de macht grypte, liet er de hiele famylje fan syn foargonger útroegje.[1]

Basa hie oanhâldend kriich mei kening Asa fan Juda en yn syn 23-jierrich regear ferbûn Basa Israel mei Syrje. Hy foel it súdlike keninkryk Juda oan en boude de Benjaminityske stêd Rama út ta in fêsting om sa de ôf- en oanfierwegen fan Juda ôf te snijen. Kening Asa fan Juda helle doe al it goud en sulver út syn paleis en de timpel en wist dêrmei de Syryske kening Benhadad om te keapjen en oan syn kant te krijen.

No't de kening fan Syrje it bûn mei Israel ferbriek en de side fan Juda keas, feroaren de ferhâldings. Juda en Syrje foelen de stêden fan Israel oan en feroveren grutte gebieten yn it noardwestlike diel fan de Mar fan Galileä. Ek de stêd Rama moast Basa opjaan. Asa liet de fersterkings fan Rama ôfbrekke en mei it frijkommen boumaterjaal de stêden Geba-yn-Benjamin en Mispa befêstigje.[2]

De profeet Jehû foarsei dat de dynasty fan Basa net bliuwend wie. De opfolger fan Basa wie syn soan Ela. Ela waard fermoarde troch Simry, dy't nei it gripen fan 'e macht it hiele neiteam fan Basa útroege.[3]

Kening Basa waard nei syn ferstjerren by syn foarfaars yn de residinsjestêd Tirsa begroeven.[4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 15:33-24
  2. 1 Keningen 15:9-24
  3. 1 Keningen 16:1-3
  4. 1 Keningen 16:6
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje