Springe nei ynhâld

Simry fan Israel

Ut Wikipedy
Simry fan Israel
Simry, kening fan Israel(miniatuer út 1350-1375)
Simry, kening fan Israel
(miniatuer út 1350-1375)
Persoanlike gegevens
alternative nammenSamry
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplakTirsa (1 Ken. 16:15)
folkIsraëlysk
Famylje
heitnet neamd yn 'e Bibel
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernnet neamd yn 'e Bibel
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade885 f.Kr. (7 dagen)
bekend fantige koart regear; Tirsa as haadstêd
neamd yn1 Keningen 16:15–20
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Simry (Hebriuwsk: זמרי‎; †886 of 885 of 882 f.Kr.) regearde sân dagen lang as kening fan Israel.

De koarte hearskippij fan Simry wurdt yn it Alde Testamint yn 1 Keningen 16:8-20 beskreaun. Simry wie kommandant oer de helte fan 'e striidweinen fan kening Ela. Hy die in greep nei de macht troch kening Ela dea te slaan, doe't dy op besite wie by de hofmaarskalk yn Tirsa en him dêr bedronken hie. Mei dizze misdied kaam de profesije fan 'e profeet Jehû út, dy't earder de ûndergong fan it hûs fan Basa foarsein hie oan kening Basa, om't dy it sûndige belied fan Jerobeäm fuortsette. Nei't Simry de troan ynnommen hie, liet er it hiele hûs fan Basa útroegje.

Simry bleau net lang op de troan sitten, want hy krige gjin militêre stipe. Doe't de soldaten, dy't op dat stuit de stêd Gibbeton belegeren, fan 'e steatsgreep hearden, keazen dy harren kommandant Omry ta kening. Op dat stuit hie Israel dus twa keningen. Der koe mar ien kening wêze en dêrom briek Omry op en teach mei syn leger nei Tirsa om dêr de troan op te easkjen.

Nei't Omry de stêd ynnommen hie, seach Simry yn dat er gjin kâns makke. Hy loek him werom yn 'e stins fan it paleis en stiek dêr it bouwurk yn 'e brân. Simry kaam yn it fjoer om.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1 Keningen 16:8-20
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje