Nadab fan Israel
| Nadab | ||
| Nadab, kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| berne | net neamd yn 'e Bibel (mooglik 930–925 f.Kr.) | |
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel (mooglik Egypte of de krite Efraïm) | |
| ferstoarn | net neamd yn 'e Bibel (mooglik 909 of 908 f.Kr.) | |
| stjerplak | fermoarde troch Baësa by Gibbeton (1 Ken. 15:27) | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | Jerobeäm I | |
| mem | Neffens de Septuaginta (de âlde Grykske oersetting) soe har namme Ano wêze, in Egyptyske prinsesse. | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | net neamd yn 'e Bibel | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 931 - 910 f.Kr. | |
| bekend fan | gefolch fan 'e sûnden fan Jerobeäm; koart regear | |
| neamd yn | 1 Keningen 15:25–31 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Nadab († 906 f.Kr.; oare boarnen 910 f.Kr. oant 909 f.Kr.) wie de soan fan Jerobeäm en de twadde kening fan it Tsienstammeryk Israel.
In soad is der net bekend fan Nadab, want syn regear duorre mar twa jier. Nadab besocht de Filistynske stêd Gibbeton te feroverjen. Doe't er de stêd belegere, spande de fjildhear Basa gear tsjin kening Nadab en deade him dêr. Basa grypte de macht en waard kening fan it lân en liet dêrnei fuort it hiele neiteam fan Jerobeäm útroegje.[1]
De oarsaak fan 'e fal fan kening Nadab leit neffens de Tenach yn it opstellen fan twa gouden keallen op 'e hillige plakken Bet-El en Dan. Jerobeäm hie yn 'e tiid fan syn regear dy ôfgoaden oprjochtsje litten om se te ferearjen en offers te bringen.[2].
Mei it útmoardzjen fan Nadab en syn famylje kaam de profesij fan 'e profeet Achía fan Sjilo út, dy't er foarsein hie oan 'e frou fan Jerobeäm.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |