Bartenpaad

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Battenpaad wie in earder paad tusken Noardwâlde en Aldeberkeap. It hat in ferbiningswei tusken Frederiksoard en It Hearrenfean en Beetstersweach west.

It paad begjint by de Leemwei by Sânhuzen en giet oer de Linde hinne. By Aldeberkeap komt it paad by de Stellingenwei, de N351, út. Eartiids moatte der balken oer de Linde hinne lein hawwe wêr’t de minsken oer hinne moasten, mar om 1900 hinne is der nei alle gedachten in brêge boud, de Battenbrêge. Letter waard dat in draaibrêge.

Yn de jierren ’60 fan de 20e iuw waard it paad sletten om de ruilferkaveling. Sûnt dy tiid is der hieltyd sprutsen oer it wer iepenjen fan de rûte. Pas yn 1997 waard hjir útslútsel oer jûn troch de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf. Yn 2000 soe der begûn wurde mei it wer oanlizzen fan it paad. Dit is nea trochgien omdat de eigener fan it stik lân dêr’t de rûte oer hinne giet it lân net ferkeapje woe.

Yn 2006 rekke de Battenbrêge tige skansearre troch in militêr pantserauto dy’t de brêge oer woe.