Bûnte seedûker

Ut Wikipedy
Bûnte seedûker
Plongeon arctique nid.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Seedûkereftigen (Gaviiformes)
Famylje: Seedûkers (Gaviidae)
soarte
Gavia arctica
Gavia arctica

De bûnte seedûker (Gavia arctica) is in fûgel út de famylje fan de seedûkers.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte seedûker is sa'n 65 sm grut. It liket wol in lytsere finere fersje fan de iisdûker. Yn de simmer hawwe se in swarte kielflek en in donkere rêch mei wite plakken. Fierder hawwe se in grize kop mei in fine skerpe snaffel.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte seedûker briedt yn it noarden fan Jeraazje en sa no en dan yn it westen fan Alaska. Winterdeis komt der ek oan de Noardseekust en de kust fan de Atlantyske Oseaan foar. Yn it noarden fan Grut-Brittanje en oan de kust fan Noarwegen bliuwe se it hiele jier.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas alle seedûkers is de bûnte seedûker in echte fisk-iter, dy't syn proai underwetter fangt.