Arent Johannes Van Sminia

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Grêf fan Van Sminia en de frou yn Aldtsjerk

Jonkhear Arent Johannes van Sminia (1 febrewaris 1806 - Aldtsjerk, 15 novimber 1857) wie kaptein en sekretaris fan de Steaten fan Fryslân. Arent wie troud mei Clara Coehoorn van Scheltinga, dochter fan Menno baron van Coehoorn van Scheltinga en Catharina Johanna van Eysinga. Hy wie de soan fan Hektor fan Sminia (1769 - 1816) en Wiskje fvan Haersma (1768 - 1835)

Se lieten om 1821 in park by De Klinze oanlizze yn Ingelske lânskipsstyl troch de yn Fryslân ferneamde túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard, dy't ûnder oare ek de noch besteande tunen fan Staniastate en Vijversburg ûntwurp. Arent liet ek de bou fan Sminiastate, ek wol "it nij slotsje" neamd, yn Aldtsjerk yn 1857 oanbestede, mar hy stoar noch datselde jier. Clara kaam yn it nije hûs te wenjen en skonk De Klinze oan har soan Hektor van Sminia (1829 - 1877).