Hektor fan Sminia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hektor fan Sminia (Ljouwert, 5 desimber 1763 - 31 oktober 1816) wie in politikus en grytman.

Hektor fan Sminia beklaaide foar én nei 1795 foaroansteande posysjes. By de komst fan de kozakken yn Fryslân yn 1813 ferfong hy mei E.H. Bergsma as kommissaris-generaal de prefekt J. Verstolk. Letter waard Sminia grytman fan Idaarderadiel en lid fan de Twadde Keamer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Sminia, Hector van.