Anton Oud
Anton Oud | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antonius Gerardus Oud | |
oare namme | A.G. Oud | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 oktober 1935 | |
berteplak | Bueren (it Amelân) | |
stoarn | 24 maart 2006 | |
stjerplak | It Hearrenfean (Fryslân) | |
etnisiteit | Amelânsk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | taalaktivist | |
reden bekendheid |
gearstaller fan it Woa'deboek fan ut Amelands |
Anton Oud (folút: Antonius Gerardus Oud; Bueren, 4 oktober 1935 – It Hearrenfean, 24 maart 2006)[1] wie in Amelânsk taalaktivist dy't him o sa ynsette foar it behâld en it fêstlizzen fan it Amelânske dialekt.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1977 sette Oud útein mei it wurk oan in wurdboek fan it Amelânsk, dêr't er tsien jier lang hurd oan wurke mei help fan ferskate eilanners út 'e âldere generaasje. Dêrby waard er stipe troch de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân. Uteinlik kaam yn 1987 by de Fryske Akademy it Woa'deboek fan ut Amelands út, dat teffens as taheakke in register fan topografyske streeknammen fan it Amelân omfieme, mei in kaart derby om 'e persize lizzing oan te tsjutten.
Sûnt de jierren 2000 wurdt der wurke oan in op 'e nij besjoene ferzje fan it wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke wurde sil, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin. Oud ferstoar lykwols yn 2006 op It Hearrenfean, ear't er dêr it einresultaat fan sjen koe. Hy is santich jier wurden, en hy waard op 'e Jouwer begroeven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|