Springe nei ynhâld

Anne Koster

Ut Wikipedy
Anne Koster
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1944
berteplak Ljouwert
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1959
karriêre-ein 1991

Anne Koster (Ljouwert, 1944), wie in hurdfytser út Goutum.

Koster ried yn 1959 syn earste wedstriid en stoppe yn 1991. Yn dy tritich jier wûn er mear as trijehûndert wedstriden en is dêrmei offisjeus Frysk rekordhâlder. Offisjeel is dat Tonnie Teuben dy't mei tritch kriteariums yn Fryslân en 52 oerwinnings yn Noard-Nederlân, neffens de gegevens fan statistikus Foppe 'Sport' de Vries út Bûtenpost, as de nûmer ien. Sûnt 1962, doe't er as amateur fytsen gie wûn er bygelyks sân kear op De Jouwer, fiif kear yn Ljouwert en trije kear yn Drachten.

Koster ried leaver in kritearium, as in klassiker, omdat der mear mei te fertsjinjen wie. Neist it prizejild stoppe de sponsor him ek gauris wat ta.

Koster begûn syn fytskarriêre by De Friesche Leeuw, mar neidat er dêr wat spul krige gie er nei DTS yn Zaandam, de saneamde Peugeot-ploech, dêr't ek Tiemen Groen fytste. Dêr bleau er oant syn 28e. Doe waard Otto Ebbens oprjochte en yn de Kroon-ploech fan Henk van de Borg gie Koster gewoan troch mei te winnen, oant er yn 1991 ophâlde te fytsen.

Yn 1984 wûn Anne Koster de Fryske Sportpriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: