Anna Zuikerberg
Anna Elizabeth Zuikerberg (Winschoten, 26 jannewaris 1881 – Amsterdam, 14 april 1956) wie in Nederlânske sjoernaliste en feminist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anna Elizabeth Zuikerberg wie in dochter fan Aron Zuikerberg en Elizabeth Wolfsbergen. Hja groeide op yn in joadsk gesin. Doe't se fjirtjin wie ferhuze se mei har heit en mem har nei Amsterdam. Yn 1896 waard se ynskreaun oan de Kweekskoalle foar Underwizers en Underwizeressen yn Amsterdam. Yn 1901 sakke se foar har eksamen dêr sadat se har lesfoech net helle. Datselde jier begûn se as korrektor by it deiblêd De Echo foar in salaris fan 25 gûne de moanne. Se hâlde har net allinne dwaande mei korreksjes fan flaters, mar die ek setwurk. Dêrneist skreau se koarte artikels. Nei trije moanne proeftiid krige se sadwaande ek in fêste oanstelling en waard har lean ferdûbele. Doe't De Echo yn 1909 oernommen waard troch it Algemeen Handelsblad, krige se de funksje fan ferslachjouwer taskikt. Se hie it net maklik as froulik ferslachjouwer. In foarbyld dêrfan is de notysje dy't in presidint fan de rjochtbank op har parsekaart sette litten hie: hja mocht allinne oan de parsetafel stean as der gjin beswier kaam fan manlike kollega's.
Nei 1915 foarme se mei Helene van Meekren de haadredaksje fan De Nederlandsche Dameskroniek, in geïllustreerd weekblad voor de ontwikkelde vrouw. Neist har wurk as ferslachjouwer die se ek oar wurk. Yn 1916 redigearre se bygelyks de biografy fan Theo Mann-Bouwmeester en yn 1918 waarden twa fan har bewurke wurken fan de skriuwer Guy de Maupassant útbrocht. Se publiseare yn 1919 de brosjuere De Amsterdamsche Stadsschouwburg-kwestie. Fan 1920 ôf oan redigearre se – wer mei Van Meekren – de sneonsbylagen fan it Algemeen Handelsblad. Ek publisearre hja mei Van Meekren ûnder de skûlnamme Annalèn in rige ynterviews mei ûnder oare skriuwers, heechleararen en feministen yn de sneonsbylage.
Yn 1921 boaske se oan Willem Holdert, in kollega-ferslachjouwer fan it Algemeen Handelsblad. Nei har houlik bleau se ferslachjouster. Yn 1925 siet se yn de kommysje dy't it sulveren jubileum fan De Amsterdamse Pers organisearre. Dêrnei holp hja yn 1928 mei de organisaasje fan de hûndertste jierdei fan it Algemeen Handelsblad. Yn 1931 skreau se artikelen foar it moanneblêd Astra en yn 1934 holp se Esther de Boer-van Rijk mei har memoires. Teffens makke se yn 1938 yn 'e mande mei Van Meekren in artikel oer froulju yn de sjoernalistyk by gelegenheid fan it fjirtichjierrige jubileum fan Keninginne Wilhelmina.
Yn de Twadde Wrâldoarloch koe se trocharbeidzje mei't se in mingd houlik hie, mar har joadske kollega Van Meekren waard fuortfierd en yn 1943 yn ferneatigingskamp Sobibór fermoarde. Nei de oarloch wurke se tegearre mei Anna Biegel oan de reisympresjes fan Anna Hudig. Dat wurk waard yn 1947 yn boekfoarm útjûn ûnder de titel Drie Anna’s vertellen van Amerika.
Zuikerberg stoar yn 1956 yn de âldens fan 75 jier.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Drie Anna’s vertellen van Amerika (1947, mei Anna Hudig en Anna Biegel)
- De vrouw in de journalistiek: Huldeblijk aan de H.M. de Koningin van de Amsterdamsche vrouwen, 6 septimber 1898-1938 (1938, mei Helene van Meekren).
- De Amsterdamsche Stadsschouwburg-kwestie. Een overzicht van het over deze kwestie geschrevene (1919).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|