Angels Costumes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Angels Costumes
Angels-Costumes-Logo.png
algemien
hist. namme Morris Angel & Son Ltd
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
type privaat
sektor kostúmferhier
fêstige yn Londen (Ingelân)
oprjochte 1840
oprjochter Morris Angel
eigner fam. Angel
finansjeel
omset £11 miljoen (2014)
wurknimmers 120 (2016)
tal lokaasjes 2
offisjele webside
www.angels.uk.com

Angels Costumes is in leveransier en ferhierder fan kostúms dy't fêstige is oan 1 Garrick Road yn 'e Ingelske haadstêd Londen. It bedriuw waard 1840 oprjochte troch Morris Angel, en is dêrmei it âldste kostúmhûs fan 'e wrâld. Anno 2019 wurdt it laat troch Tim Angel, dy't diel útmakket fan 'e sechsde generaasje fan it famyljebedriuw. Angels Costumes leveret sawol kostúms oan partikulieren, bgl. foar Halloween, as oan film-, tillefyzje- en teäterproduksjes. Yn dy kontekst hat it bedriuw belutsen west by 37 films dy't de Oscar foar bêste kostúmûntwerp krigen hawwen. Angels Costumes hie yn 2014 in omset fan £11 miljoen. Der wurken yn 2016 120 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angel Costumes waard yn 1840 oprjochte troch Morris Angel. It bedriuw wie yn 't earstoan fêstige yn 'e Seven Dials-buert fan Londen, deunby Covent Garden, en ferkocht twaddehâns klean en âlde stalen fan 'e skroarren fan Savile Row. De winkel fan Angel rekke populêr by akteurs, dy't doedestiden op eigen kosten kostúms meitsje litte en oanskaffe moasten foar audysjes en foarstellings. Doe't Angel yngie op it fersyk om klean hiere te meien ynstee fan te keapjen, wie dat it begjin fan it hjoeddeistige bedriuw. Yn 1870 kaam Morris syn soan Daniel der yn it bedriuw by en waard de namme feroare yn Morris Angel & Son Ltd. Yn 1877 iepenen de Angels in winkel op it adres 119 Shaftesbury Avenue, dêr't se hast oardel iuw letter noch altyd in saak hawwe.

Doe't yn 'e tweintichste iuw de filmyndustry opkaam, profitearre Angels dêrfan troch ek foar filmopnamen kostúms te leverjen. De earste film dêr't Angels de kostúms foar levere hie dy't in Oscar wûn foar bêste kostúmûntwerp, wie Hamlet, mei yn 'e haadrol Laurence Olivier, yn 1948. Neitiid folgen oant 2019 noch 36 oare filmproduksjes mei Oscar-winnende kostúmûntwerpen fan Angels Costumes, wêrûnder The Great Gatsby, Lawrence of Arabia, Star Wars, The Aviator, Memoirs of a Geisha, Marie Antoinette, Alice in Wonderland en The Grand Budapest Hotel.

Angel Costumes levere ek de kostúms foar ferneamde tillefyzjesearjes as Downton Abbey en Game of Thrones, en yn 2018 helle de organisaasje efter it Fryske hynsteteäterspektakel De Stormruiter der de kostúms wei. Yn 2016 wûn Angels Costumes in BAFTA Award, de heechste Britske filmpriis, yn 'e kategory treflike Britske bydrage oan 'e sinema.

Tsjintwurdich hat Angels Costumes twa difyzjes: Angels The Costumiers, fêstige oan Garrick Road yn Noard-Londen, dat kostúms oan film-, tillefyzje- en teäterproduksjes leveret, en Angels Fancy Dress, oan Shaftesbury Avenue yn 'e Londenske binnenstêd, dêr't partikulieren kostúms foar bgl. Halloween keapje en hiere kinne. It pakhús fan Angels Costumes yn Noard-Londen, dêr't de grutte mearderheid fan 'e kostúms opslein is, befettet nei skatting fiif miljoen kleanstikken oan 15 km kleanrekken. Twaris yn 'e moanne wurde dêr no rûnliedings holden foar belangstellenden. Angels Fancy Dress hat sûnt 2001 ek in webside dêr't klanten kostúms yn in webshop keapje kinne.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 2005 waard it orizjinele klaad, dat yn 1977 yn 'e film Star Wars droegen wie troch sir Alec Guiness yn syn rol fan Obi-Wan Kenobi, werûntdutsen oan in kleanrek by Angels. It kleanstik hie sûnder erch al jierrenlang beskikber west foar ferhier oan Jan en alleman as in mûntsepij, en wie yn 1999 ek brûkt yn in massasêne yn 'e film The Mummy. De oarsprong fan it klaad waard mei wissichheid fêststeld troch John Mollo, dy't it oarspronklik foar de film út 1977 eigenhandich makke hie. It klaad fan Obi-Wan Kenobi waard op 6 maart 2007 by opbod ferkocht yn it Londenske feilinghûs Bonhams, en brocht £55.000 op.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.