Andringastate (Akkrum)
Andringa State wie in state oan de súdwestkant fan de Terptsjerke yn Akkrum. Op it steed binne letter huzen boud.
De Andringa’s
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andringastate, besuden de ‘Meyne sloot, wurdt yn 1470 neamd as Andringha en yn 1563 as Andringa saete. Yn in oarkunde fan 1477 wurdt skreaun oer in Andringa-brêge en in Andringa jet off gat by Akkrum. By in skôging fan de Leppa dyk yn 1570 wurdt dy oarkunde troch Kempe Syuerts oan de hearen toand. Op grûn hjirfan moat hy ûnder oaren de dyk dy ’t fanôf it Andringa-jet nei it suden rint ûnderhâlde moat tsjin ‘het wroeten vanden verckens ende onnutte drifte van beesten’. Stamheit fan de Andringa’s is Tyard Andringa. Ut it opskrift fan syn segel, tiaert: iorrot: sun, docht bliken dat yn heit in Jorrit wie. It minder goed te lêzen segel fan Jorard Andringa ioret. ho(ttek?)a. son, liket te wizen op in heitenamme 'Hotteka', 'Hotze'. Jorard neamt yn syn testamint Tyard 'myn broer', mar troch de ûngelikense heitenammen soe it gean ginne om healbruorren. It soe ek wêze kinne dat Jorard it segel fan syn heit brûkte, dit segel liket wat styl oangiet ek âlder as dat fan Tyard te wêzen. It wapen op beide segels bestiet út in twakoppige earn.
It Andringa-lien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad leden fan de haadlingenfamylje Andringa yn Akkrum wiene tsjerkefâd fan Akkrum. Yn 1453 wie Tyard Jorrits Andringa grytman. Hy stifte yn Akkrum in prebinde, it Andringa-lien. Hjirfoar waard it lân fan Andringastate ôfsplitst. De Andringa’s wiene leauwige minsken. Yn 1470 skinke Jorard Andringa en Janke Andringa, kleasterlinge yn Floorencamp (Aldekleaster), en oaren it Kijflant tusken Rodera en Andringha oan it Kleaster Ealsum, sadat der missen foar harren lêzen wurde sille. Tyard syn soan Jorert hie gjin bern en makke yn 1476 syn testamint. Syn erfgenamten binne de soan en dochter fan syn broer en de trije soannen fan in Watze. Fierders krije her Hoytien, myn meech, … ende siin twa sesteren, alle trije geastliken, in legaat taskikt. Omdat dy in generaasje jonger binne, soene it allegear (heal)omkesizzers fan Jorard wêze kinne. Jorard die grutte skinkings oan ferskate religieuze ynstellings en betocht dêrby ek de prebinde dy syn heit Tyard stifte hie. It lêste fûns krige ûndermear in huys ende steed, as Garbrich, syn frou dêr net langer wenje wolle soe. Boppedat hy hy earder al 24 pûnsmiet lân oan it kleaster Ealsum skonken by wize fan memoarjefundaasje. Fierders neamde hy yn syn testamint Dychuystera gued, nei alle gedachten by Dykhústersyl. Ek Jenka Douwema en dy syn soan Douwe skonk hy yn syn testamint lân: ûndermear yn Liweringa gued, nei alle wierskyn Ludringa.
Lettere bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andringastate wie yn 1640 eigendom fan de erfgenamten fan Rienk fan Andringa mei as kurator Hobbe van Baerdt. Harmen Tjepkes wie de brûker fan pleats en lannen. Yn 1698 is it eigendom fan 'de trije dochters fan wilen jonker Poppe fan Roorda' mar dy steane dan noch wol ûnder fâdij fan harren beppe, frou G.M. fan Dunewald. De bruorren Marten en Piter Roelofs binne de brûkers fan de 80 pûnsmiet grutte pleats. Yn 1728 is it yn gebrûk by de widdo fan Sjoerd Mertens, skoandochter fan Marten Roelofs. Eigener is dan siktaris Jetse fan Sminia. Yn 1832 binne de lannen eigendom fan lânmjitter Johannes Holster Asn. De Andringa’s binne in goed foarbyld fan ferfrisseling fan aadlike en eigenierde famyljes: de famylje sels waard yn de 16de iuw net mear ta de haadlingen rekkene, mar guon Andringalagen trouden wol yn dy fermiddens. Andringaleaten kamen op Lettingastate yn Britsum en op ferskate states yn Kammingabuorren en Aldeboarn. Yn froulike line kaam de famylje Fan Andringa de Kempenaer út de Andringas's. Oare Andringa's waarden 'gewoane boeren'.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1453 - Tyard Jorrits Andringa
- 1476 - Jorert Andringha
- 1640 - erfgenamten fan Rienk fan Andringa; brûker Harmen Tjepkes
- 1698 – de trije dochters fan wilen jonker Poppe fan Roorda"; brûkers Marten en Piter Roelofs
- 1728 - Jetse fan Sminia; brûker de widdo fan Sjoerd Martens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|