Springe nei ynhâld

Alsjend each

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alsjend Each)
Alsjend Each. (Catedral de Salta, Argentynje)
Alsjend Each yn de Dom fan Aken

It Alsjend each is in symboal dêr't in each by omjûn wurdt troch strielen en soms troch in trijehoek. Oarspronklik komt it symboal út it Alde Egypte, en tsjinne dêr as symboal foar de sinnegod Horus.

Alsjend each binnen it Kristendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Kristendom komt it alsjend each foar as in ferwizing nei it each fan God dat waket oer it minskdom. It is dan it symboal foar de Foarsjennigens fan God.

Alsjend each binnen de Frijmitselderij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't in alsjend each yn in soad frijmitselderslôzjes foarkomt is it gjin echt frijmitselderssymboal, mar hat it de funksje fan fersiering fan de lôzje. Yn de Nederlânske frijmitseldersrituelen komt it alsjend each dan ek net foar. Binnen de frijmitselderswach wurdt it alsjend each yn de regel ôfbylde op in trijehoek fan goud (kleur) en kin yn de measte gefallen ferljochte wurde.

Ek op it oan de frijmitselderij relatearre wachthúske "Het Wakend Oog" op Skylge komt in alsjend each foar.

Alsjend each binnen de Ylluminaty

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ylluminaty betinker Adam Weishaupt hat dit symboal út de âldheid "liend" om syn geheime sekte mystyk mei te jaan. Yn 1785 waard de Ylluminaty troch it regear fan Beieren ferbean.

Konnotaasje fan Alsjend each

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurdt hjoed-de-dei soms ek sjoen as symboal foar geheime genoatskippen dy't har dwaande hâlde mei ynfiltraasje fan regearingen en de finansjele wrâldtop, mei as doel it stiftsjen fan in wrâldregearing, de saneamde New World Order.