Springe nei ynhâld

Het Wakend Oog

Ut Wikipedy
Het Wakend Oog
Detail fan de hal mei passer en winkelheak en alsjend each

Het Wakend Oog is in wachthúske út 1882 oan de haven fan West-Skylge, dat in ryksmonumint is.

It tsjinne om de fiskers fan it eilân beskerming te jaan as se by súdlike stoarmen harren drûchfallen skippen beweitsje moasten. It oarspronklike gebou wie oplutsen út wrekhout, letter waard it troch de soan fan boargemaster Pierre Eschauzier fan Skylge werboud en oplutsen út stien. It gebou is mooglik werboud om as frijmitselderstimpel brûkt wurde te kinnen. Yn en op it gebou binne ferskate frijmitselderssymboalen lykas it Alsjend each, passer en winkelheak en as heechste punt op it dak setten piramides.

It gebou wurdt no brûkt as kofjehûs.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]