Springe nei ynhâld

Albertus van Raalte

Ut Wikipedy
Albertus van Raalte
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albertus Christiaan van Raalte
nasjonaliteit Nederlânsk
Amerikaansk
berne 17 oktober 1811
berteplak It Wanneperfean (Oerisel)
stoarn 27 july 1876
stjerplak Holland (Michigan)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt predikant
jierren aktyf ±18351876
reden
  bekendheid
stifter fan Holland, yn Michigan

Albertus van Raalte (folút: Albertus Christiaan van Raalte; It Wanneperfean (Oerisel), 17 oktober 1811Holland (Michigan), 27 july 1876) wie in Nederlânsk-Amerikaansk predikant fan Nedersaksysk komôf. Nei't er mei de Ofskieding fan 1834 út 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke stapt wie, krige er troch syn feardichheid as sprekker grutte oanhing yn noardlik Oerisel. Yn 1846 emigrearre er mei in groep folgelingen nei de Feriene Steaten, dêr't er it folgjende jiers yn Michigan it stedsje Holland stifte.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Raalte waard yn 1811 berne op It Wanneperfean, in doarp yn it Stienwikerlân, yn 'e Kop fan Oerisel. Hy studearre teology yn Leien, mar om't er de regleminten fan 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke net erkenne woe, krige er letter in preekferbod oplein. Dêrom sleat er him oan by lykstimden, dy't nei de Ofskieding fan 1834 de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Nederlân oprjochten. (Dat tsjerkgenoatskip soe yn 1892 opgean yn 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, dy't yn 2004 wer opgiene yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân.) Van Raalte kaam dêrnei efterinoar yn Genemuiden, Mastenbroek en Ommen te stean. Yn dy snuorje naam er njonken syn predikantskip ek de oplieding fan oaren ta 'learaar' ter hân. Hy hold yn Oerisel en dêrbûten sprekbeurten en waard mear as ienris arrestearre foar it opstokeljen fan syn taharkers.

Doe't der yn 'e 1840-er jierren ûnder syn tsjerkefolk hongersneed útbriek fanwegen de jirpelsykte, begûn Van Raalte nei te tinken oer emigraasje. Earst woed er nei Nederlânsk-Ynje of Súd-Afrika ta, mar úteinlik keas er foar de frijheid en romte dy't de Feriene Steaten beaen. Yn 1846 sette er ôf mei in groep folgelingen, dy't benammen út Ommen en Hellendoarn en omkriten wei kamen. It doel fan 'e reis wie oarspronklik de steat Wiskonsin, dêr't er optimistyske berjochten oer heard hie fan Achterhoekske lânferhuzers dy't har dêr fêstige hiene. Nei in swiere en stoarmeftige oertocht oer de Atlantyske Oseaan besleat Van Raalte lykwols op advys fan in dûmny yn Albany om ynstee nei Michigan ta te gean. Yn it súdwestlike part fan dy steat, op it plak dêr't de rivier de Macatawa yn 'e Michiganmar útmûne, stifte Van Raalte yn 1847 de delsetting Holland.

Nei't Van Raalte in pamflet nei Nederlân stjoerd hie wêryn't er de lju waarm makke om ek te emigrearjen, setten har letter datselde jiers en yn 1948 yn Holland noch ferskate oare groepen ymmigranten nei wenjen, út Oerisel, Grinslân, Seelân, Fryslân en it greefskip Bentheim, fuort oer de Dútske grins. De earste jierren wiene tige swier en in protte fan 'e lânferhuzers stoaren oan syktes, honger, kjeld en fan klearebare útputting. Boppedat wie de krite dêr't se har yn fêstige hiene gjin leech lân, mar waard it bewenne troch de Ottawa-Yndianen. Yn 't eartoan libben beide groepen gear oan 'e Macatawamar, de ferbrede mûning fan 'e rivier de Macatawa, mar om't sawol de kolonisten as de Yndianen oan har eigen sede en plige fêsthâlde woene, ûntstiene der al rillegau swierrichheden. Uteinlik kochten Van Raalte en syn folk yn 1848 alle lân oan 'e Macatawamar op, wêrnei't de Ottawa har noardliker nei wenjen setten, by it hjoeddeiske Northport.

Van Raalte wie yn Holland net allinnich predikant, mar de ûnbekreaude lieder fan 'e mienskip, en hy bemuoide him mei frijwol alles. Hy behearske yn 't earstoan de polityk en bestjoerde de delsetting, wie rjochter, abbekaat en kadasteramtner, en hie it ek op finansjeel mêd foar 't sizzen. Oan 'e iene kant stied er altyd klear foar syn folgelingen, mar party wiene fan miening dat er de toutsjes te strak yn 'e hannen hold. Boppedat wiene der beskuldigings fan útrûpeling doe't bliken die dat er perselen grûn djoerder ferkocht as de priis dy't er der foar betelle hie oan 'e Amerikaanske oerheid. Van Raalte sels ferdigene syn wurkwize mei de stelling dat er it ferskil net yn eigen bûse stoppe, mar dat dêr de tsjerke, de skoalle en it weeshûs fan boud waarden.

Op religieus mêd sleat Van Raalte him yn 'e Feriene Steaten oan by de Herfoarme Tsjerke yn Amearika (RCA), dy't dêr al bestie sûnt 1628. Ek dêr wiene net alle lânferhuzers bliid mei, want ien fan 'e redens om Nederlân te ferlitten, wie no krekt foarme troch alle problemen dy't se dêr mei de fêstige tsjerke hân hiene. Yn 1857 fûn der dan ek krekt yn Holland in tsjerkeskuorring plak, doe't de Kristlik-Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika him ta fertriet fan Van Raalte ôfspjalte fan 'e RCA. Fierders hie Van Raalte yn 1851 in liedende rol by de oprjochting fan in skoalle yn Holland dêr't yn 1866 it Hope Kolleezje út ûntstie, in universiteit dy't noch altyd bestiet en in wichtige rol spilet yn 'e fermiddens fan 'e RCA. Yn 1871 kaam Van Raalte syn frou te ferstjerren, dy't syn hiele troude libben lang in grutte stipe foar him west hie. Fiif jier letter stoar Van Raalte sels, yn 'e âlderdom fan 65 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bron, op dizze side.