Springe nei ynhâld

Albert Jan ten Brink

Ut Wikipedy

Albert Jan ten Brink (Appingedam, 30 jannewaris 1836 - De Haach, 22 oktober 1917) wie learaar, dichter, skriuwer, en publisist.

Ten Brink wie fan 1859 - 1862 gûverneur fan de famylje Van Harinxma yn Beetstersweach. Oer dy perioade skreau er de roman Willem van Harpens leerjaren (1871).Fan dat boek is hast de hiele printinge opkocht troch de Van Harinxma's: it kritisearre de aadlike famyljes en de doarpssfear fan Beetstersweach en omkriten.

Ten Brink skreau oer ierdrykskundige ûnderwerpen, makke tal fan opstellen dy't yn tydskriften publisearre waarden, skreau blijspullen en in pear romans. Faaks wie syn fertaling fan Sofokles syn Antigone syn wichtichste wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: