XBIZ

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Adnet Media)
XBIZ
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor media foar de pornoyndustry
haadkertier Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 1998
oprjochter Alec Helmy
mem Adnet Media
offisjele webside
www.xbiz.com

XBIZ, ek skreaun as Xbiz (útspr.: ['ɛkzbɪz], likernôch: "eks-biz"), is in Amerikaanske útjouwerij fan nijs en sake-ynformaasje oer de Amerikaanske pornoyndustry. De namme ferwiist dêr ek nei: de x stiet foar "pornografy" en biz is in ôfkoarting fan it Ingelske wurd business, "saken". It wichtichste ûnderdiel fan XBIZ is de webside Xbiz.com. Dêrnjonken publisearret it bedriuw twa papierrene fakblêden dy't ienris yn 'e moanne útkomme, organisearret it twa kear yn 't jier (yn 'e simmer en by 't winter) in fakbeurs, en fasilitearret it gearwurking en it lizzen fan nije kontakten yn 'e pornoyndustry troch in business-to-business-beropsnetwurktsjinst. XBIZ is de hannelsnamme fan Adnet Media, in bedriuw dat yn 1998 oprjochte waard troch Alec Helmy, in kenner fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadkertier fan XBIZ yn Los Angeles.
  • XBIZ Digital Edition, ek wol koartwei XBIZ Digital neamd, in online-tydskrift mei digitale edysjes fan XBIZ Premiere Magazine en XBIZ World Magazine. Dit blêd kin (tsjin betelling) online lêzen wurde, mar hat ek in downloadbere ferzje dy't offline lêzen wurde kin.

XBIZ Awards[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side XBIZ Awards.

De XBIZ Awards, ek skreaun as Xbiz Awards, binne in groep prizen dy't troch XBIZ ienris yn it jier takend wurde foar de bêste prestaasjes op it mêd fan 'e pornoyndustry fan it foargeande jier. De prizen wurde útrikt foar pornofilms, akteurs, regisseurs en in grut tal oare kategoryen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.