Springe nei ynhâld

Hard Rock Hotel and Casino (Las Vegas)

Ut Wikipedy
Hard Rock Hotel and Casino
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Nevada
plak Paradise
adres 4455 Paradise Road
koördinaten 36°06′31″ N 115°09′13″ W
bysûnderheden
type bouwurk hotel en kasino
keatling Virgin Hotels
boujier 1995
boustyl modern (tema: rock and roll)
oare ynformaasje
oerflak 6,8 ha (ynkl. hiem)
2.800 (kasino)
18.200 m² (evenemintehallen)
tal ferdjippings 18
tal keamers 1.503
offisjele webside
hardrockhotel.com
kaart
Hard Rock Hotel and Casino (Las Vegas)
Hard Rock Hotel and Casino

It Hard Rock Hotel and Casino is in bekend Amerikaansk hotel en kasino yn 'e stêdekloft fan Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. It stiet eins bûten de stedsgrinzen fan Las Vegas yn 'e foarstêd Paradise, op 'e hoeke fan Harmon en Paradise Road. Dat is fuortby de ferneamde Las Vegas Strip, dêr't alle grutte kasino's konsintrearre binne. It Hard Rock Hotel and Casino omfettet trije flatgebouwen, in kasino, in kongressintrum anneks evenemintehal, in swimbad mei strân, trije nachtklubs, in stikmannich restaurants en winkels en ferskate oare foarsjennings. It is eigendom fan Virgin Hotels yn partnerskip mei in private ynvestearringsgroep, wylst it kasino eksploitearre wurdt troch Warner Gaming. It Hard Rock Hotel and Casino, dat mar 30% fan syn opbringst út it gokken yn it kasino hellet, waard yn 1995 boud. Der binne plannen om it nei in renovaasje yn 2020 om te neamen ta Virgin Hotels Las Vegas.

It Hard Rock Hotel and Casino waard yn 1995 boud as in joint venture fan Harveys Lake Tahoe en Peter Morton, de stifter fan it Hard Rock Cafe. Yn 1997 kocht Morton Harveys út en kaam it hiele projekt yn syn besit. It hotel waard yn 1999 útwreide en jitris yn 2007. Yn 2010 waarden by in útwreiding yn ferskate fazes twa nije, moderne hoteltuorren oant it hotel tafoege.

Bûtenkant fan it Hard Rock Hotel and Casino.

Yn juny 2002 stoar de ynfloedrike basgitarist John Entwistle fan 'e band The Who yn ien fan 'e hotelkeamers. De hotellieding woe, út respekt foar de ferstoarne en syn djipdrôven, net sizze hokker keamer oft dat wie, mar letter rekke fia-fia bekend dat Entwistle de lêste siken útblaasd hie yn keamer 658, in 'deluxe suite'. Sûnt 2002 wurdt it Hard Rock Hotel and Casino in protte besocht troch fans fan 'e basgitarist, dy't him hulde bringe wolle troch syn stjerplak te besykjen.

It Hard Rock Hotel and Casino waard yn maaie 2006 troch Morton ferkocht oan 'e Morgans Hotel Group (MHG). By de oankeap (foar $770 miljoen) wie ynbegrepen dat de MHG it rjocht hie om 'e namme 'Hard Rock' ek foar oare hotels en kasino's yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten en ferskate oare gebieten te brûken. Ek gie 9,3 ha grûn foar eventuële fierdere útwreiding mei oer nei de nije eigner. De MHG eksploitearre it hotel yn 'e mande mei ynvestearringsgroep DLJ Merchant Banking Partners oant febrewaris 2011. Doe kaam it Hard Rock Hotel and Casino yn eigendom fan Brookfield Asset Management, dat de eksploitaasje oerdie oan Warner Gaming.

Yn maart 2018 waard it Hard Rock Hotel and Casino fan Brookfield Asset Management kocht troch de Britske hotelkeatling Virgin Hotels yn gearwurking mei in stikmannich ynvestearringsfirma's. Virgin-oprjochter Richard Branson kundige neitiid plannen oan om it hiele gebouwekompleks yngeand te renovearjen, wêrnei't it Hard Rock Hotel and Casino ein 2019 de nije namme Virgin Hotels Las Vegas krije moast. De ûntwerpfaze begûn yn juny 2018. Op dat stuit wie it de bedoeling dat de renovaasje yn april 2019 úteinsette soe. Troch fertragings duorre it lykwols oant augustus 2019 ear't oankundige waard dat it hotel foar de renovaasje, dy't, nei't doe sein waard, yn febrewaris 2020 begjinne soe, likernôch acht moannen tichtgean soe. De kosten fan it projekt waarden rûsd op mear as $200 miljoen en it hotel soe nei alle gedachten foar novimber 2020 net wer iepengean.

It Hard Rock Hotel and Casino stiet op in perseel grûn fan 6,8 ha op 'e hoeke fan Harmon en Paradise Road yn Paradise, in foarstêd fan Las Vegas, deunby de Las Vegas Strip, dêr't alle grutte kasino's konsintrearre binne. It is al fan fierrens werom te kennen oan it reuseftige gitaar dat út 'e leechbou fan 'e resepsjeromte skean omheech de loft yn stekt.

De resepsje fan it Hard Rock Hotel and Casino.

It hotel sels bestiet út trije flatgebouwen: de Casino Tower fan 11 ferdjippings, mei 648 hotelkeamers en 64 suites en penthouses, de Paradise Tower fan 18 ferdjippings, mei 490 hotelkeamers, en de HRH Tower fan 16 ferdjippings, mei 374 hotelkeamers en minysuites. It kasino is fêstige op 'e begeane grûn fan 'e Casino Tower, yn in romte fan 2.800  mei gokautomaten, rûlettetafels en fasiliteiten foar ienentweintigjen, poker en oare kaartspullen.

Dêrnjonken omfiemet it Hard Rock Hotel and Casino ek in konvinsjesintrum, it Meeting Space, dat 5.600 m² mjit, en dat oanfolle wurde kin mei in evenemintehal fan nochris 12.600 m². Sûnt 2012 wurdt dêr bygelyks elts jier yn jannewaris it AVN Adult Entertainment Expo holden. Ek binne der yn it gebouwekompleks mar leafst trije nachklubs fêstige: de rockklub The Joint; de Vanity (mei in oerflak fan 1.300 m², twa bars en 60 VIP-fertrekken); en de Vinyl, dy't in "trendy, yndustrieel oansjen" hat.

It Hard Rock Hotel and Casino omfettet fierders in swimbad mei in strân yn 'e Tahitiaanske styl, in hierknipperssalon, ferskate djoere kleanbûtyks en njoggen restaurants (wêrûnder in steakhouse, in Meksikaansk restaurant, in sportlounge, in sushirestaurant, in oesterbar, in Sineesk restaurant en in pizzeria).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.