Springe nei ynhâld

Abraham Staal

Ut Wikipedy

Abraham Staal (Gouda, 1752 - Flaardingen, 5 april 1804) wie in meniste dûmny yn Goes ( 1779 ), Boalsert ( 1787 ) en Ljouwert ( 1788 ). Lykas in soad menisten wie Staal patriot, om 1795 hinne lit er him hearre. Troch syn foarkommen waard er "rammenoas" (earnenoas) neamd. Yn it boek De Knorrepot en de Menschenvriend wurdt er troch Gerrit Paape opfierd as dûmny Langhals.

Troch folksrepresintanten waard Staal beneamd ta riedshear yn it Hof fan Fryslân (1796) tegearre mei de sjoernalist Paape. Troch syn radikalisme krijt er swierrichheden yn de gemeente, nei't de oantruners fan it Kollumer Oproer berjochte wiene. Nei de steatsgreep op 12 juny 1798 is syn hûs trochsocht fan it Utfierend Bewâld. Hy waard fêstset yn Huis ten Bosch yn De Haach.
Yn 1798 wurdt er emearitus om him hielendal te wijen oan de polityk. Earst yn 1804 wurdt it fûns foar pensjonearring fan predikantswiddo's stifte, dêr't Abraham yn 1794 de oanset ta jûn hie yn de Fryske doperske sosjéteit.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kuiper, J. (2002) Een revolutie ontrafeld. Politiek in Friesland 1795-1798.