Abdij fan Echternach
De Abdij fan Echternach yn Lúksemboarchske plak Echternach waard yn 698 troch Willibrord stifte op grûn fan de Pepinen. It wie it earste troch in Angel-Saks oprjochte kleaster op it Jeropeeske kontinint. Willibrord is der ek stoarn en begroeven..
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willibrord
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Echternach, oan de rivier de Sauer, hie yn de 1e iuw in Romeinske filla. Yn de 6e iuw wie dat lângoed yn hannen rekke fan de biskop fan Trier, dy't dêr in lyts kleaster boude. Yn 698 skonk Irmine, dochter fan Dagobert II, lân yn Echternach oan de Northumbriaanske misjonaris Willibrord, Biskop fan Utert, om dêr in grutter kleaster te setten; hja beneamde Willibrord as earste abt. De kar foar Willibrord wie foar in part ynjûn troch syn reputaasje as bekearder fan heidenen (de Apostel fan de Friezen), diels ek om't de biskopssit fan Utert troch (heidenske) Fryske oanfallen yn gefaar rekke wie. Echternach soe it earste Angel-Saksyske kleaster op it Jeropeeske kontinint wurde.
Willibrord koe de earste tsjerke yn Echternach ynwije yn 700 mei jildlike stipe fan Pepyn fan Herstal. Pepyn's soan, Karel Martel, stifter fan de Karolingyske dynasty, liet syn soan Pepyn de Koarte yn 714 yn Echternach dope. Neist stipe fan de Karolingen waard Willibrord syn abdij ek skoarre troch Wilfried, mei wa't er yn Ripon tsjinne hie. Fierders slagge it Willibrord om anti-Ierske foaroardielen fan Wilfrid te feroarjen en krige doe ek steun fan in soad Ierske Muontsen dy't de rêchbonke fan it earste kleaster wurde soene.
Willibrord wie in soad yn Echternach, foaral nei de plondering fan Utrecht yn 716, en stoar dêr ek yn 739. Willibrord waard byset yn it oratorium dat al rillegau pylgers luts. Yn 751 joech Pepyn de abdij fan Echternach in 'keninklike' status, mei foarstlike ymmuniteit. Om it kleaster ûntstie in stêd dy't rillegau ien fan de grutste en bloeiendste fan Lúksemboarch wurde soe.
Karolingyske Renêssânse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beornrad, de tredde abt fan Echternach, wie in grut favoryt fan Karel de Grutte en waard promovearre ta Aartsbiskop fan Sens yn 785. Doe't Beornrad stoar yn 797, kaam de abdij ûnder it direkte bestjoer fan Karel de Grutte. Dat duorre in jier.
It wurk fan de muontsen yn Echternach waard tige beynfloede de troch Willibrord Britske eftergrûn dêr't in protte klam lein waard op codices, en Echternach ûntjoech him ta ien fan de wichtichste skriptoariums yn it Frankyske Ryk. Dêr waarden fjouwer evangeeljes skreaun: de Evangeeljes fan Augsburch, Evangeeljes fan Maeseyck, Evangeeljes fan Trier, en it Evangeeljefragmint fan Freiburg.
Under de beskerming fan Pepyn de Koarte en Karel de Grutte, gie it de abdij foar de wyn en koe it in krúsjale rol spylje yn de ûntwikkeling fan de iere Karolingyske Renêssânse.
Yn de iere 9e iuw wie de abdij op syn hichtepunt, wat syn geastlike en wrâldske macht oanbelanget, mar dat koe fral troch de beskerming fan de Karolingen. Doe't it gesach fan de sintrale Frankyske oerheid ophold yn de boargeroarloggen ûnder Loadewyk de Fromme, naam de macht fan de abdij ek ôf. Yn 847 waarden de Benediktiner muontsen ferdreaun en ferfongen troch leke-abten.
Weromkommen fan de Benediktiner muontsen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lot en fortún fan de abdij gie op en del mei dy fan it Hillige Roomske Ryk. Doe't Otto de Grutte it keizerryk wer makke sa’t it earder wie, woe er it yntellektuele en religieuze libben yn syn gebieten ek fernije, ek yn Echternach. Yn 971 brocht er de Benediktinen werom yn Echternach, 40 muontsen út Trier. De abdij waard doe wer ien fan de meast ynfloedrike yn Noard-Jeropa. De wichtige Kodeks Aureus fan Echternach waard hjir yn de 11e iuw produsearre, hielendal mei goudinket skreaun.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lêste abt fan Echternach stoar yn 1793. Der soe net in nijenien keazen wurde. Generaal Colaud kaam op 13 augustus 1794 mei syn Frânske revolúsjonêren nei Echternach. De lêste muontsen wienen doe al flechte. De abdij waard plondere en Willibrord syn grêf waard skeind. Kleaster en kleastertsjerke waarden by opbod ferkocht yn 1797. Jean-Henri Dondelinger, de nije eigner, makke der in stienguodfabryk fan.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne seis tsjerken op it stee yn Echternach boud:
- Unbekend - 700: Orizjinele tsjerke foar't de abdij der wie.
- 700 - c.800: Merovingyske tsjerke
- c.800 - 1016: Karolingyske tsjerke
- 1031 - 1797: Oarspronklike Romaneske basilyk
- 1862 - 1944: Rekonstruearre basilyk
- 1953 - no: Moderne basilyk
-
Stânbyld Willibrord yn Echternach
-
Willibrord-alter yn de basilyk
-
Willibrords grêf yn de krypte fan de basilyk
Abten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willibrord
- Beornrad (775-797), 3. Abt, Aartsbiskop fan Sens
- Reginar (864-870), Leke-nabt
- Adalhard I (Seneschall) (oant 870), Leke-abt
- Karlmann (874-876), soan fan Karel de Keale
- Adalhard II. (oant 890), Leke-abt
- Hermann I. fan Schwaben (926-949), Leke-abt
- Siegfried I. fan Lúksemboarch (± 950), Leke-abt
- Ravanger
- Humbert (1028-1051)
- Reginbert (1051-1081)
- Theofried (1081-1110)
- Godefridus (± 1143)
- Ludwig (1173-1186), Abt fan de Benediktinerabdij St. Matthias
- Peter fan Hübingen (Hubein, Hubyn, Hubeyn) (± 1419 oant 1426)
- Colinus[1]
- Burchard Poszwin von Neuerburg (1490-1506)
- Robert fann Monreal (1506-1539)
- Antonius Hovaeus (Anton fan Hove) († 1568)
- Martinus Masius (± 1572)
- Johannes Bertels (1595-1607)
- Peter Richardt (1607-1628)
- Petrus Fisch
- Matthias Hartz (1717-1728)
- Gregorius Schouppe (1728-1751)
- Michael Hormann (1751-1775)
- Emmanuel Limpach (1775-1793)
- Prior Binsfeld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abdij fan Echternach fan Wikimedia Commons. |