Springe nei ynhâld

Skriptoarium

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Scriptorium)
Muontseseal yn de Abdij fan Fontenay yn Frankryk, ek brûkt as skriptoarium

It skriptoarium is de romte yn in kleaster dêr’t muontsen teksten en boeken oerskreaune en oersetten. Mar njonken dy strikte betsjutting wurdt skriptoarium ek brûkt, benammen yn de wittenskiplike kontekst, om it gehiel fan kopiïsten, har wurk, har styl, oan te tsjutten. As jo sizze dat in wurk ‘in typysk produkt fan it skriptoarium is fan ‘Winchester abbey’ hawwe jo it net oer in fysyk wurkstee. Jo soene in skriptoarium definiearje kinne as de romte yn in kleaster dêr’t hânskriften makke en kopiëarre wurde mei dêrnjonken de skaaimerken fan de produsinten en de ta stân kommen produksje.[1]

Mei it fersprieden fan it kristendom en de abdijen boaze de fraach nei boeken oan mei de Hillige Skriften. It wie ien fan de wichtichste taken fan de monastike huzen om yn dat ferlet te foarsjen. Mei it ûntstean en it fersprieden fan de abdijen yn it westen fan de fjirde iuw ôf kaam ek de boekproduksje op gong. Benedictus fan Nursia stifte yn de sechsde iuw de Abdij fan Montecassino en skreau yn de kleasterregel dy’t er opstelde, de regelmjittige lektuer fan de Hillige Skriften foar. In biblioteek gearstalle wie dêr needsaaklik ta. Yn de Karolingyske renêssânse, doe’t de niget oan kennis en wittenskip dy’t se fine koene yn de antike teksten opkaam, makke de skriuwaktiviteit in baas groei troch. Yn dat tiidrek waarden in tal ‘skriptoaria’ lykas dy fan Bobbio, Saint-Martin de Tours, Corbie, St. Gallen en St. Albans ferneamd om har aktiviteit.[2]

In skriptoarium wie net hoe dan ek in grutte seal mei in kliber muontsen dy’t dwaande wiene mei it kopiearjen fan hânskriften. Op ferskate midsiuwske kleasterplannen is gjin skriptoarium te finen, yn dy kleasters hat hielendal gjin aparte romte west en waarden de kopiïsten ûnderbrocht dêr’t dat it bêste útkaam, bygelyks yn nissen yn it kleaster, yn de biblioteek of by it kalefaktoarium. Yn in tal kleasters wie der lykwols al in aparte romte. Sa soe yn it kleaster Vivarium, stifte troch Kassiodoarus tusken 532 en 552, neffens in ferklearring fan de stifter sels, in aparte romte west ha dy’t spesjaal ynrjochte wie as skriuwromte of skriptoarium neffens it foarbyld fan wat er yn Byzantium sjoen hie.[3]

Carrels yn de kleastergong fan Gloucester Abbey

It blykt dat elts kleaster in eigen oplossing socht. By de benediktinen komme jo gauris in ôfsletten romte tsjin dy’t as skriptoarium brûkt waard, mar by de sistersjinzers en de kartuzers socht men faak oare oplossings.[4] By de ‘’kastersjinzers’’ brûkten hja de muontseseal faak, meast situearre yn it ferlingde fan de kapittelseal en ûnder it dormitoarium, foar lykfolwat binnenwurken en dus ek foar it kopiearjen fan hânskriften lykas yn Fontenay. Ek it brûken fan it kalefaktoarium as skriptoarium wie populêr by de sistersjinzers lykas noch te sjen is yn de abdijen fan Senanque en Sylvacane yn de Provâns. De kartuzers dy’t de klam leine op folsleine stiltme, keazen gauris foar yndividuele sellen dêr’t it meubilêr dat brûkt wurde moast yn set waard om it kopiearwurk mooglik te meitsjen. It ynrjochtsjen fan in skriuwstee yn nissen yn it kleasterpân wie benammen populêr yn it Ingelân fan de lette midsiuwen. Yn de noardlike kleastergong fan de abdij fan Durham, sieten 33 fan dy saneamde carrels. Yn de súdlike kleastergong fan Gloucester Abbey wiene stiennen carrels boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Thijs Ameye, Een monnikenwerk. Reconstructie van het middeleeuwse kloosterscriptorium. Case study: de laatmiddeleeuwse scriptoria van Ter Doest en Herne. Hfdstk I.1
  2. Thijs Ameye, Hfdstk I.2
  3. Colin Wels, Sailing from Byzantium, How a Lost Empire Shaped the World, Delacorte Press, New York, 2006, s.23.
  4. Fr. Landelin Robling OSB, Monastic Sriptoria, "Location" - noat 13.