Abdij Bronnbach
Bronnbach | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Main-Tauber-Kreis | |
plak | Wertheim | |
koördinaten | 49° 42' N 9° 32' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Sistersjinzers | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Sûnt de 12e iuw | |
boustyl | Romaansk, goatysk, barok | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side kleaster Bronnbach | ||
Kaart | ||
Kleaster Bronnbach is in eardere sistersjinzerske abdij, dat healwei de 12e iuw stifte waard. It kleaster stiet oan de Tauber yn Wertheim op it doarpsgebiet fan Reicholzheim yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Sûnt 1986 is de Main-Tauber-Kreis eigner it eardere kleaster. Ferskillende organisaasjes meitsje gebrûk fan de gebouwen en sûnt 2000 makket ek de Kongregaasje fan Misjonarissen fan de Hillige Famylje gebrûk fan in diel fan it kompleks.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1151 op inisjatyf fan Billung fan Lindenfels, Sigebot fan Zimmern, Erlebold fan Krenzheim en Beringer fan Gamburg stifte. Nei alle gedachten ûntstie de skinking fan it castsrum brunnebach, dat boppe it hjoeddeiske plak fan de abdij lei, ûnder ynfloed fan in preker fan Bernardus fan Clairvaux yn 1146 yn Würzburg. In skinking yn 1157 fan grûn fan de aartsbiskop Arnold fan Selenhofen makke de ferhûzing fan it kleaster nei de eastlike kant fan de Tauber mooglik. De aartsbiskop woe graach begroeven wurde yn it kleaster, mar hy waard yn 1160 mei geweld fermoarde en oars as syn winsk yn Mainz byset.
Noch yn itselde jier waard mei de bou fan in abdijtsjerke útein set, dy't op 28 april 1222 ynwijd waard. Yn 1167 waard it kleaster as filiaalkleaster troch Maulbronn oernommen en de Maulbronner muonts Wigand waard de nije abt fan Bronnbach. Al yn 1170 hie it kleaster aardich wat besit yn Wertheim, Miltenberg, Würzburg, Aschaffenburg en Frankfurt en yn 1230 wiene de belangrykste gebouwen foltôge.
Yn de 14e iuw hie it kleaster regelmjittich lêst fan ynfallende rôfridders út Gamburg en Külsheim. By ien fan de ynfallen waard in fontein fan it kleaster stellen, dy't hjoed-de-dei noch yn Külsheim stiet en der mei foar soarge dat Külsheim de reputaasje "Brunnenstadt" krige. Fanwegen dy ynfallen waarden ynstee fan de keizer yn it jier 1355 de greven fan Wertheim as beskermhearen fan it kleaster ynset.
De Bronnbacher muonts Michael Baumann skreau de natuerkundige ensyklopedy "Buch von der natur vnd eygenschafft der dingk" (1478). It is it belangrykste wurk fan de talrike bydragen fan it kleaster oan de literatuerskiednis.
It kleaster leit op de grins fan de bisdommen Mainz en Würzburg en beide bisdommen besochten it kleaster yn besit te krijen, mar Bronnbach bleau, útsein koarte ûnderbrekkings, oant it begjin fan de 19e iuw in selsstannige organisaasje. Oan de muontsen fan Bronnbach is de wynbou yn de delte fan de Tauber te tankjen.
Boerekrigen en reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1525 waard it kleaster troch opstannige boeren plondere. De twa oargels, fiif kapellen en twa bibleteken waarden ferneatige. De muontsen fan Bronnbach keazen Clemens Leusser op 26 novimber 1548 as abt, mar in pear jier letter ripen yn de abt de ideeën fan de reformaasje en sa rekke Leusser oertsjûge dat de wiere kristlike leare te finen wie by de grifformearde kant. Yn deselde tiid bekearden ek de beskermers fan de abdij, de greven fan Wertheim, harren ta de protestantske lear en fanôf dy tiid waard druk op de muontsen útoefene om dat foarbyld te folgjen.
Mei peaske 1553 waarden yn Bronnbach en alle dêrunder fallende parochy's foar it earst Dútsktalige tsjerketsjinsten fierd. Leusser sette útein mei de grifformearde foarming fan 24 jonge manlju, mar om't er him bedrige fielde troch de biskop fan Würzburg loek er him werom yn Wertheim sels, dêr't it kleaster in úthôf hie. Nei de dea fan greve Michael III op 14 maart 1556 namen de biskoppen fan Würzburg en Mainz maatregels tsjin de protestantske abt. Hja lieten yn harren bisdommen beslach lizze op de besittings fan it kleaster en dêrmei it ynkommen fan de abt. Doe't Leusser op 1 juny 1557 mei Maria Eberlin, de dochter fan de predikant fan Wertheim Johannes Eberlin fan Günzburg, troude, wie dat in ekstra reden foar de biskoppen om de druk op Leusser fierder op te fieren. It kaam noch net ta in driigjende fisitaasje fan biskop fan Würzburg, mar syn opfolger, biskop Friedrich, pakte troch en beneamde yn augustus 1558 as nij abt Johann Pleitner, dy't trou bleaun wie oan de katolike lear. Hy wie earder pastoar yn Königheimen en alhoewol't de biskop him ta abt beneamde waard noch wachte mei de ynhuldiging, om't Friedrich noch mei Leusser ûnderhannele om him op oare gedachten te bringen. Op 25 oktober 1558 troude Leusser lykwols op 'e nij, nei't syn eardere frou ferstoarn wie. Doe wie de maat fol en waard Pleitner as abt ynhuldige, nettsjintsteande protesten fan Leusser en de greven fan Wertheim.
De roomske lear waard wer ynfierd en yn 1572 waard de tsjerke op 'e nij ynwijd as katolike kleastertsjerke. De abdij kaam ûnder lieding fan abt Johann Knoll. It nije memmekleaster waard it Ebrach-kleaster yn it Steigerwâld, om 't Maulbronn ek ferlern gien wie oan de reformaasje. De folgjende desennia folgen fisitaasjes fan de generaal-abten, dy't lieden ta de stifting fan de sistersjinzerske Kongreaasje fan Opper-Dútslân ûnder lieding fan de abdij fan Fürstenfeld, dêr't Bronnbach sûnt de stifting yn 1624 mei ferbûn wie. Alhoewol't de Opper-Dútske Kongregaasje yn de rin fan de 18e iuw oan betsjutting ferlear, bleau dy oan de sekularisaasje in beslissende faktor fan de súddútske sistersjinzers.
Tritichjierrige Kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under abt Wigand Mayer (1578-1602) waarden in soad gebouwen fan it kleaster fernijd of ferboud, mar yn 1631 plonderen Sweedske troepen fan kening Gustaaf Adolf it kleaster. Dêrnei waarden de gebouwen oerdroegen oan de luterkske greve Friedrich Ludwig fan Löwenstein-Wertheim-Virneburg. Oant 1634 liet dy alle katolike oantinkens ferwiderje wermei't in grut part fan it ynterieur en ek de kleasterbibleteek ferneatige waarden. De muontsen hiene harren taflecht socht op oare plakken en waarden opnommen yn de sistersjinzerske kleasters fan Parys, Heidelberg, Wenen en Würzburg, dêr't hja akademysk foarme waarden. It grutste diel fan de noch besteande wurken fan de Bronnbacher muontsen datearret fan dy tiid. Nei't de striid yn it foardiel fan de katoliken betearre, kamen de muontsen yn harren leechrôve kleaster werom. Nei goed trije jier waard it kleaster wer befolke en koe in weropbou ûnder abt Johann Feilzer begûn wurde. Pas mei it ein fan de Tritichjierrige Kriich yn 1648 wie it gefaar foar it kleaster definityf foarby
Sekularisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wie nei de sekularisaasje fan 1803 oant 1986 yn besit fan de foarsten Löwenstein-Wertheim-Rosenberg, dy't it kleaster sûnt as slot útboude. De gebouwen krigen sûnder al te grutte feroarings yn de rin fan de tiid ferskillende funksjes. Yn 1839 waard de Taubertalstraße oer it kleasterterrein oanlein. Troch de ferheging fan de wei dy't dêrmei mank gyng ferdwûnen in part fan de gevels fan de kleastergebouwen westlik fan de nije dyk ûnder de grûn.
It abtsgebou waard foar de famylje fan de ôftanke kening Miguel I de Braganza renovearre en modernisearre. By it oanlizzen fan it spoar Lauda-Wertheim yn 1868 krige Bronnbach in eigen stasjon, dat mei in brêge oer de Tauber en it wettermûnekanaal fan it kleaster mei it kleastertterrein ferbûn is.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1921 oant 1931 befolken Dútsktalige sistersjinzers út Sittich (Stičnade) yn it hjoeddeiske Sloveenje it kleaster, mar de muontsen ferhûzen dêrnei nei it Kleaster Seligenporten yn Beieren. Kapusinen namen dêrnei it kleaster oer, mar dy bleaune ek tydlik. It kleaster waard yn 1938 en 1951 renovearre.
Nei de oerdracht fan de gebouwen yn 1986 oan de Main-Tauber-Kreis joech dy opdracht it kleaster yn ferskillende fazes te op te knappen. It kleaster krige yn 1989 de status fan monumint fan bysûnder nasjonaal belang.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1157 waard in begjin makke mei de bou fan de fan reade sânstien boude abdijtsjerke, in trijeskippich gebou dat yn 1222 oan Marije-Himelfeart wijd waard. It is in gebou yn de foarm fan in Latynsk krús dat in lingte hat fan 70 meter, in maksimale breedte fan 28,5 meter (dwersskip) en in hichte fan 17,5 meter. Oars as wenst is de sistersjinzerske ienfâld yn de tsjerke ferfongen troch in tige rike ynrjochting. De oarspronklik 16 midsiuwske alters binne ferfongen troch 13 barokke alters, dy't bewarre bleaun binne. De koerbanken datearje út 1777-1778.
It Bursariusgebou datearret fan 1742 en is fersierd mei it wapen fan abt Engelbert. It gebou tsjinne as de sit fan de behearder fan it kleaster en fan dêr út waard it kleaster bestjoerd.
De oranjery waard tusken 1773 en 1775 foar de planten dy't gefoelich foar froast binne boud en de sinnefanger fan it gebou is fersierd mei in barok fresko, dat yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan de doedestiidske abt Ambrosius Balbusop makke is. It is ien fan de grutste iepenloftfresko's noardlik fan de Alpen en toant allegoaryske foarstellings as in himelske kosmos oer in breedte fan 20 meter.
Yn it súdlike diel grinzget it twa ferdjippings hege refektoarium as it middelste fan trije ferskillende gebouwen oan de kleastergong. De benedenferdjipping is ferneamd nei Bernardus fan Clairvaux, it is de eardere ytseal fan de muontsen en it die yn de 19e iuw tsjinst as skuorre foar hout en as kelder foar ynmakke iten. Op de earste ferdjipping is de barokke Joazefseal, ryk fersierd mei plafond en muorrefresko's.
It âldste gebou fan it kleaster is de kleastermûne, dy't oan in apart kanaal stiet. De wettermûne waard nei alle gedachten al yn de 11e iuw boud, mar is letter faak ferboud.
De kleasterbrouwerij lei eastlik fan de wei nei Gamburg. It gebou draacht it jiertal 1793. Abt Heinrich liet doe boppe de grutte kelder in moderne brouwerij bouwe. Oant 1842 waard dêr bier broud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|