Springe nei ynhâld

Kleaster Maulbronn

Ut Wikipedy
Kleaster Maulbronn
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Enzkreis
plak Maulbronn
adres Klosterhof
koördinaten 49° 0' N 8° 48' E
Kleastergegevens
oprjochting 1138/1147
oprjochter Walter fan Lomersheim
opheffing 1534
patroanhillige Marije
Ynformaasje bou
boujier Sûnt de 12e iuw
boustyl Romaansk, goatysk
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
kloster-maulbronn
Kaart
Kleaster Maulbronn (Baden-Wuertemberch)
Kleaster Maulbronn

Kleaster Maulbronn is in earder sistersjinzersk kleaster yn it sintrum fan Maulbronn oan it súdwestlik ein fan it Strombergerlân, dat tusken it Swarte Wâld en it Odenwâld leit. De stêd Pforzheim yn Baden-Wuertemberch leit tichteby. It kleaster is it bêst bewarre midsiuwske kleaster noardlik fan de Alpen en falt sûnt desimber 1993 ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed.

Troch it fjoer fan de abt Bernard fan Clairvaux krige de sistersjinzerske oarder ek yn it tsjintwurdige Dútslân in soad oanhing. Yn it súdwesten fan Dútslan hie de abt út Clairvaux in soad ynfloed op Walter fan Lomersheim, dy't op it erfgoed Eckenweiher tusken Mühlacker en Lienzingen in sistersjinzersk kleaster stifte, dêr't er himsels as lekebroer by joech. Foar dat doel stjoerde it kleaster Neuburg yn de Elsas tolve muontsen – lykas sein wurdt neffens it tal apostels.

Kleaster Maulbronn yn 1684

De soarch foar it nij stifte kleaster waard tabetroud oan abt Dieter fan de primêre abdij Morimond, dy't op 24 maart 1138 dêr oankaam. It plak fan it skonken lân wie nei alle gedachten foar it nije kleaster ûngeskikt, nei oannommen wurdt troch it brek oan wetter. De biskop fan Speyer oerhannige dêrom syn liengoed Mulenbrunnen oan de abt Dieter en dêrmei krige it kleaster syn definitive plak.

It âldste diel fan it kleaster is de trijeskippige basilyk, dy't yn 1178 waard ynwijd. Ek it 15e-iuwske koerstuolte mei 92 sitten is bewarre bleaun. Yn de midsiuwen wie it kleaster in wichtich polityk, ekonomysk en sosjaal sintrum.

Yn de tiid fan de Boerekrigen waard it kleaster belegere en nei sân dagen troch de opstannige boeren ynnommen en plondere. Oanfierder Jäcklein Rohrbach beklage him by Hans Wunderer oer de disoarder ûnder de boeren, dy't it mar net iens wurde koene oft it kleaster delbaarnd, ôfbrutsen of yn jild omset wurde moast. Oan it krewearjen fan Rohrbach is it te tankjen dat it kleaster lang om let sparre bleau foar ferneariging.

Nei de reformaasje waard it kleaster yn 1556 in protestantske skoalle. Allinne it refektoarium en de sliepsealen fan de lekebruorren binne nei de reformaasje feroare.

Sûnt 1807 brûkt it Protestantske Teologyske Seminaarje in diel fan dat kleaster. Yn desimber 1993 waard it kleaster op de list fan UNESCO as wrâlderfgoed tafoege.

Ynterieur kleastertsjerke

Yn it kleaster binne alle stilen fan de romaanske tiid oant de lette goatyske tiid fertsjintwurdige. De kleastertsjerke is fral goatysk en hie ynfloed op de fersprieding fan de goatyske arsjitektuer yn grutte dielen fan Noard- en Sintraal Europa. It systeem fan it wetterbehear yn Maulbronn wurdt troch UNESCO wurdearre as fan bysûnder belang. De kleastergebouwen wurde noch jimmeroan mei tuorren en in kilometer lange ferdigeningsmuorre omfieme. Bûten de muorren fan it kleaster lizze de goed ûnderholden wynberch, fiskfivers en bewetteringskanalen, dy't tsjûgje fan de iuwenâlde agraryske tradysje fan de sistersjinzerske muontsen.

Dochterkleasters fan Maulbronn wiene it kleaster Bronnbach (1150) en Schöntal (1157).

Hjoeddeisk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsintwurdich eigner fan it kleaster is de dielsteat Baden-Wuertemberch. Yn 'e gebouwen dy't omfieme wurde troch in kleastermuorre binne ferskillende publike tsjinsten ûnderbrocht. Ek binne der in pear restaurants. Dêrnjonken wurde de kleastergebouwen brûkt troch it Protestantske Teologyske Seminaarje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.