Thérouanne
Thérouanne | ||
Thérouanne yn it arrondissemint Sint-Omaars | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Opper-Frankryk | |
Departemint | Pas-de-Calais (62) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1160 (2016)[1] | |
Oerflak | 8,37 km² | |
Befolkingsticht. | 140 / km² | |
Hichte | 31 - 116 m | |
Oar | ||
Postkoade | 62811 | |
Offisjele webside | ||
Offisje webside |
Thérouanne (Nederlânsk: Terwaan, Flaamsk (histoarysk en hjoeddeisk Frânsk-Flaamsk): Terenburg of Therenburg, Pikardysk: Therwane) is in gemeente (Commune) yn it departemint Pas-de-Calais yn de regio Boppe-Frankryk yn Frankryk. It leit 10 km bewesten Aire-sur-la-Lys en 13 km besuden Sint-Omaars op it krúspunt fan de wegen D 157 en D 341. It leit oan de rivier de Leie (Frânsk: Lys).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tiid fan de Galjers, wie Tarwanna of Tervanna it haadplak fan de Morynjers, in stamme fan de Belgae. Nei't de Romeinen Galje oermastere hiene, makken se de stêd it haadplak fan it distrikt Civitas Morinorum.
De oarsprong fan de namme is net alhiel wis. Skiedkundige Malbracq tinkt dat de namme fan syn stifter, "Lucius Tauruannus"[2] weikomt, wylst oaren miene dat it komt fan Terra avanae, dat "Lân fan Koarn" betsjut. De twadde tins is in algemien brûkte term.[3]
Yn de sânde iuw, om 639 hinne, stifte Sint-Audomarus (Sint-Omaar) it bisdom Terwaan of Terenburg, dat troch de Midsiuwen hinne, in soad ynfloed bewesten de rivier de Skelde hie. Steatkundich hearde it by it greefskip Arteezje, dat in tiid lang by it greefskip Flaanderen hearde.
Troch de tsjerklike ynfloed oer guon wichtige stêden benoarden de Alpen, lykas Arras en Ieper, koe it bisdom in katedraal bouwe, dy't op dat stuit de grutste yn Frankryk wie.
It plak waard troch Maksimiliaan I en Hindrik VIII ynnaam fan de Frânsken yn de Slach by Guinegate yn 1513. Yn 1553 belegere keizer Karel V it plak dat op dat stuit in Frânske enklave yn it Hillige Roomske Ryk wie, as in wraakaksje nei't er ferslein waard by de belegering fan Metz. Nei't er de stêd ynnaam, oardere er it mei de grûn lyk te meitsjen, en it gebiet te ploegjen en te sâltsjen[4]. In lytse mienskip dy't bûten e stedsmuorren lei, dat doe Saint-Martin-Outre-Eaux hiet, waard besparre, en letter (om 1800 hinne) hie de namme Thérouanne oernaam. In part fan de portaal fan de katedraal waard troch Sint-Omaars kocht. In grut stânbyld fan Kristus is it iennige dat noch derfan oer is.
It ferdwinen fan it eardere bisdom Terwaan, late ta herfoarmings by de Konsily fan Trente en waard it bisdom ferdield oer dy fan Arras en Ieper.
Thérouanne leit oan de Via Francigena.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tsjerke fan Sint-Marten, fannijs boud yn de njoggentjinde iuw (restaurearre 2000-2001) op it ûnderwurk fan in folle âldere tsjerke.
- Argeologyske museum en plak, dêr't de resten fan de midsiuwske stêd noch binne
- De ruïne fan de Abdij fan Saint-Jean-du-Mont, dêr't resten fan in Goatyske katedraal en gebouwen út de sânde iuw steane[5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|