Springe nei ynhâld

Klif

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2019 om 19.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Kliffen fan Moher, yn Ierlân.

In klif is yn 'e geografy en de geology in fertikaal of hast fertikaal rotsferhef. Sokke lânskipseleminten wurde yn 'e regel foarme troch eroazjeprosessen en ferwaring. Kliffen komme benammen in protte foar yn berchtmen, oan kusten en by de iggen fan rivieren lâns. Ornaris besteane kliffen út rotstypes dy't bestindich binne foar eroazje en ferwaring, en dêrtroch bleatlein wurde as oarsoartige stienten fuort-erodearje. Ofsettingsstienten dy't faak kliffen foarmje, binne sânstien, kalkstien, krytstiente en dolomyt. Ek stjurringsstienten, lykas granyt en basalt, foarmje faak kliffen.

In eskarpemint is in soarte fan klif dat net foarme wurdt troch eroazje of ferwaring, mar troch de bewegings fan 'e tektoanyske platen byinoar lâns by in brekline. Ek kin sa'n soarte klif ûntstean troch in ierdferskowing. Net inkeld eskarpeminten, mar ek oare kliffen hawwe faak in bulte stienslach ûnderoan lizzen, mei't se yn 'e regel stadichoan fierder ôfkealje. Yn drûge gebieten of by hege kliffen kin sa'n bulte stienslach derút sjen as in keale púnheap, mar yn fochtiger kriten giet de stienslach faak beskûl ûnder in bedekking fan ierde en plantegroei. In protte kliffen geane mank mei wetterfallen en/of holten of ûndjippe grotten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.