Springe nei ynhâld

Lila

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2019 om 18.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
lila
kleurkoördinaten
heksadesimaal #C8A2C8
RGBª (rgb) (200, 162, 200)
CMYKº (cmyk) (0, 19, 0, 22)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Lila, ek ljochtpears neamd, is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in ljochte tint fan pears of fan fiolet. It kin omskreaun wurde as in blauwich mauve of as in readich ljochtblau. De namme komt fan it Frânske wurd lilas, dat njonken "lila" ek "nageltsjes" (of "sering") betsjut, mei't de blommen fan dy plant in lila kleur hawwe. As kleuroantsjutting bestiet it wurd 'lila' teminsten al sûnt 1775, doe't it foar it earst yn 'e Ingelske foarm lilac optekene waard.

Lila nageltsjes (sering).

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is lila in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de ferminging fan maginta mei syaan. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan ornaris swart brûkt, om't dat bettere resultaten jout.

Behalven dat it de meast foarkommende kleur fan 'e blommen fan nageltsjes is (dy't trouwens ek yn blauwigere en pearsere foarmen foarkomme), is de kleur lila yn Nederlân ek sterk assosjearre mei sûkelarjerepen fan it merk Milka. Dat hat jierrenlang in tige effektive reklamekampanje op 'e tillefyzje fierd, wêrby't de yn in lila wikkel ferpakte sûkelarje yn ferbân brocht waard mei de molke fan Switserske kij dy't weidzje op greiden yn 'e Alpen. It meast opfallende wie dat de kij sels yn 'e reklamespotsjes ek in lila-bûnte kleur hiene.

De Tiid fan 'e Nageltsjes, in skilderij fan Sophie Gengembre Anderson.

De wichtichste tinten lila binne:

lila #C8A2C8                         
feal lila #DCD0FF       
fel Frânsk lila #B666D2       
fel lila #D891EF       
Frânsk lila #86608E       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.