Montevideo
Montevideo | ||
Bestjoer | ||
Lân | Oerûguay | |
Departemint | Montevideo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.336.878 (2010) | |
Oerflak | 209 km² | |
Befolkingsticht. | 2.546 / km² (206) | |
Stêdekloft | 1.800.000 op 1350 km² | |
Hichte | 43 m | |
Oar | ||
Stifting | 1726 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Montevideo |
Montevideo is de haadstêd fan Oerûguay. De stêd leit op de noardouwer fan it estuarium fan de Río de la Plata, dy't op dat plak 200 kilometer breed is (justjes besuden Buenos Aires, Argentynje). It oantal ynwenners berint sa'n 1,3 miljoen, benei de helte fan de totale befolking (3,3 miljoen ynw, 2004) fan it lân. De hiele metropoal (mei de departeminten Canelones en dielen fan San José) hat sa'n 1,8 miljoen ynwenners. Yn Oerûguay wurde kontreien dy't bûten dat gebiet lizze oantsjut as interior, 'binnenlân'.
Montevideo waard stifte yn 1726 troch Bruno Mauricio de Zabal', as in strategyske set yn it Spaansk-Portegeesk skeel oer de Rio Plata-regio en as tsjinhinger fan de Portegeeske koloanje by Colonia del Sacramento.
De stêd hat yn 1807 in skoftke ûnder Britsk bewâld stien en wie belutsen by de earste grutte seeslach yn de Twadde Wrâldkriich: de Slach fan de Rio Plata. It is ek it plak dêr't de Montevideo-konvinsje yn 1933 tekene waard, troch njoggentjin Amerikaanske naasjes. Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo.
Montevideo is it ekonomyske sintrum fan it lân. De stêd leit oan in baai, dy't in natuerlike haven foarmet, en op de haadrûte fan weitransport fan Buenos Aires nei Porto Alegre yn Brazylje. De stêd hat it haadkantoar fan de Mercosur en de Asociación Latinoamericana de Integración. Montevideo hat in ryk kultuereel (û.o. de tango en kandombe) en arsjitektoanysk erfgoed.
It libbensnivo yn Montevideo is heech, it heechste fan Latynsk-Amearika[1] en beheart ta de 30 meast feilige stêden fan de wrâld[2].
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stad hat in waarm seeklimaat (Cfa neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen) mei in trochsneed jiertemperatuer fan 16,3 graden Celsius. Troch de súdlike wyn út Patagoanje wei (de Pampero) kin it der simmers fris en winterdeis koel oanfiele. Maksimum deitemperatuer yn de simmer leit trochstrings tusken de 30 en 40 graden en skommelje yn de winter tusken de 10 en 15 graden. Der falt likernôch 1000 mm delslach it jier.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Montevideo is de sporthaadstêd fan it lân. Fan de 16 klups yn de Primera División komme der 14 út de stêd. De grutste twa fuotbalklups binne Nacional en Peñarol, de grutte twa fan Oerûguay en twa fan de meast wichtige fuotbalklups yn Súd-Amearika, dy't meielkoar al 81 kear (fan de 103) it lânskampioenskip wûn hawwe.
Wiken yn Montevideo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
Berne yn Montevideo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alvaro Ardao (1960-2011), keunstner en dichter
- José Gervasio Artigas - 19 juny 1764, generaal en frijheidsstrider; stifter en befrijder fan Urûguay
- José Fructuoso Rivera - 17 oktober 1784, generaal en politikus, earste presidint fan Oerûguay
- Comte de Lautréamont (1846-1870), Frânsk dichter
- Juan Zorrilla de San Martín (1855-1931), dichter
- José Batlle y Ordoñez - 21 maaie 1856, earder presidint fan Oerûguay foar twa perioaden
- Jules Laforgue (1860-1887), Frânsk dichter
- José Enrique Rodó - 15 july 1871, skriuwer
- Carlos Vaz Ferreira - 15 oktober 1872, filosoof
- Tomas Berreta - 22 novimber 1875, earder presidint fan Oerûguay
- Delmira Agustini - 24 oktober 1886, dichteresse
- Mauricio Cravotto - 26 septimber 1893, arsjitekt
- Manuel Pérez y Curis - 21 maaie 1884, dichter
- Humberto Pittamiglio - 23 novimber 1887, arsjitekt
- Luis Cluzeau Mortet - 16 novimber 1888, Komponist klassike muzyk, fioelist
- Isabelino Gradín (1897-1944), fuotballer
- Héctor Scarone (1898-1967), fuotballer
- Juan Carlos Onetti (1909-1994), skriuwer
- Mario Payssé Reyes - 5 maart 1913, arsjitekt
- Miguel de Vita - 26 novimber 1923, skilder
- Alcides Ghiggia - 22 desimber 1926, fuotballer
- Marcelo de Vita - 4 maaie 1927, arsjitekt
- Jorge Batlle Ibáñez - 25 oktober 1927, earder presidint Oerûguay
- Julio María Sanguinetti - 6 jannewaris 1936, earder presidint Oerûguay
- José Serebrier - 3 desimber 1938, dirigint en komponist
- Tabaré Vázquez - 17 jannewaris 1940, presidint fan Oerûguay fan no
- Eduardo Galeano (1940), sjoernalist en skriuwer
- Julio César Benítez (1940-1968), voetballer
- Carlos Ott - 16 oktober 1946, arsjitekt
- Fernando Morena - 2 febrewaris 1952, fuotballer
- Enzo Francescoli - 12 novimber 1961, fuotballer
- Paolo Montero - 3 septimber 1971, fuotballer
- Gonzalo Rodríguez - 22 jannewaris 1972, autokûreur
- Diego Alonso - 16 april 1975, fuotballer
- Walter Pandiani - 5 april 1976, fuotballer
- Álvaro Recoba - 17 maart 1976, fuotballer
- Natalia Oreiro - 19 maaie 1977, sjongster
- Mario Regueiro - 9 septimber 1978, fuotballer
- Marcelo Zalayeta - 5 desimber 1978, fuotballer
- Fabián Estoyanoff - 27 september 1982, voetballer
- Diego Forlán - 19 maaie 1979, fuotballer
- Gonzalo García - 13 oktober 1983, Spaansk fuotballer ûnder oaren by SC It Hearrenfean
- Fernando Muslera - 16 juny 1986, fuotballer
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Montevideo fan Wikimedia Commons. |