Heinrich Himmler
Heinrich Luitpold Himmler (München, 7 oktober 1900 – Lüneboarch, 23 maaie 1945) wie in Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de Holocaust. Hy wie lieder fan de Schutzstaffel (SS).
Iere libben
Neffens de heit fan Heinrich Himmler komt de famylje út Switserlân. Yn Bazel is der in hûs dat it "Himmlerhûs" neamd wurdt. Heinrich Himmler waard berne op 7 oktober 1900 as twadde bern út in goede húshâlding yn München. De húshâlding Himmler hie goede kontakten mei it Beierske keninklik hûs.
Yn syn jonge jierren hie Heinrich slim lijen fan syn minne sûnens. Dat besocht er te kompensearjen mei de stúdzje. Hy helle it diploma fan it gymnasium dêr't er ek al niget hie oan skiednis, taal en religy. Wilens de lêste wiken dat er op it gymnasium siet sette de Earste Wrâldkriich út ein. Hy woe graach fjochtsje foar de Dútske marine mar hy waard wegere omdat syn eagen sa min wienen. By de lânmacht koed er yn 'e maitiid fan 1914 begjinne mei de offisiersoplieding, dy't er yn 1918 dien makke hie, doe't de kriich al oer wie. Himmler hat sels net fochten oan it front yn de Earst Wrâldkriich lykas Adolf Hitler, Rudolf Hess en Hermann Göring. Fan 1919 oant en mei 1923 wie Himmler by de Bayerischen Volkspartei (BVP). Op 2 augustus 1923 waard er lid fan de NSDAP en die mei oan de mislearre Hitler-Putsch.
NSDAP en Reichsführer-SS
- 1925: Rykswurdfierder fan de NSDAP
- 1925: Lieder fan de NSDAP-Partijpropaganda foar Niederbayern
- 1925: Siktaris fan de Gauleitung Niederbayern
- 1926: Gaugeschäftsführer en stellvertretender Gauleiter foar Niederbayern-Oberpfalz
- 1926: Stellvertretener Gauleiter foar Oberbayern-Schwaben
- 1926: Gau-SS-Führer Niederbayern
- 1926: Plakferfangend Rykspropagandalieder
- 1927: Plakferfangend Reichsführer-SS
- 1927: Lid fan de Stabes der Obersten SA-Führung
- 1929: Beneaming Reichsführer-SS
- 1933: Earste konsintraasjekamp Dachau
- 1934: Haad fan Gestapo
Flecht
Yn 'e maitiid fan 1945 wie Himmler wis fan it ferlies fan Nazi-Dútslân, hy besocht út Lübeck wei kontakt op te nimmen mei Greve Folke Bernadotte yn Sweden dêr't er mei besocht te ûnderhanneljen oer in Dútske oerjefte. Hy besocht ek te ûnderhanneljen mei leden fan it Joadsk Wrâldkongres. Himmler hie de hope dat de Amearikanen en Britten de Wehrmacht wol brûke woenen om tsjin de Russen te fjochtsjen. Doe't Adolf Hitler oan 'e weet kaam dat er mei fredesûnderhannelings út ein sette, neamde er Himmler in ferrieder en naam him alle funksjes en titels ôf.
De ûnderhannelings mei Greve Bernadotte en it Joadsk Wrâldkongres mislearren, en Himmler koe net mear werom nei Berlyn. Hy teach nei Flensboarch dêr't admiraal Karl Dönitz it befel hie oer alle Dútske striidkrêften yn West-Jeropa. Dönitz stjoerde Himmler fuort omdat der gjin plak mear foar him wie yn it nije Dútske parlemint.
Hy strúnde in deimannich om by de Deenske grins, mar gie op 'e flecht nei Beieren. Hy hie in sersjant-majoar unifoarm fan de geheime militêre plysje en neamde himsels Heinrich Hitzinger. Hy hie falske dokuminten by him, mar dêr hienen de Britten erchtinken op. Hy waard arrestearre troch in Britske lânmacht ienheid. By eintsjebeslút die Himmler himsels tekoart yn Lüneboarch. Wêr't er te hôf brocht is, is net bekend.
Sjoch ek
- Dútsk generaal
- Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Politikus yn de Twadde Wrâldkriich
- Dútsk politikus
- Dútsk parlemintslid
- Dútsk minister fan Binnenlânske Saken
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SA
- Lid fan de SS
- Lid fan de Gestapo
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dielnimmer oan de Porajmos
- Dútsk krimineel
- Dútsk faksist
- Dútsk revolúsjonêr
- Selsmoarddogger
- Persoan berne yn 1900
- Persoan stoarn yn 1945