Springe nei ynhâld

Alawiten

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 apr 2018 om 17.39 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Namme: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fersprieding fan de Alawiten yn it Midden-Easten

De alawiten of alaviten (Arabysk: alawiten/علوي) (earder ek noesairys of Turksk: Fellah neamd) foarmje in mienskip fan leauwigen dy't ûntstean is út in ôfsplitsing fan de sjyityske islam. Alawiten wenje yn Noardwest-Syrje, Turkije (Hatay) en Libanon. It alawisme is in streaming binnen de islam dy't yn de 10e iuw stiften waard troch Hosain ibn Hamdan Chasibi († 957 of 968 te Aleppo). Etnysk sjoen binne alawiten benammen Arabieren. De alawiten leauwen dat de sjyityske imams godlik binne en út en troch op ierde ferskine om leauwigers te ferlossen. Oars as alevityske cemevi yn Turkije hat it alawityske leauwen gjin eigen gebedshuzen.

Alawiten hawwe as minderheid iuwenlang ferfolge west troch de soennityske mearderheid; harren maatskiplike emansipaasje yn Syrje sette útein ûnder it Frânske Mandaat fan Syrje (1920-1946) mar berikte benammen troch de opkomst fan de non-sektaryske Ba'ath-partijyin Syrië en de staatsgreep troch de offisier en letter presidint presidint Hafez al-Assad yn 1970 in folweardich plak. Polityk-sosjaal sjoen binne de alawiten tsjintwurdich meastentiids sekulier en modernisearre, fral ûnder de jeugd hâld men der faak in liberale libbenshâlding op nei.

De namme alawiten komt fan de Imam Aly, de neef en skoansoan fan de profeet Mohammed. It waard algemien de leauwigen as alawiten oan te tsjutten doe't Syrje Frânsk mandaatgebiet waard (1920). Tradisjoneel wurde de alawiten oantsjutten as Nusayrīs (نصيريون), Namiriyya en Ansariyya. Nusayriyya komt fan Mohammed ibn Noesair Namiri Abdi († 900), de earste teolooch dy't yn ferbân brocht wurdt mei de aleviten, en wurdt troch soenniten en oaren sjyiten as oantsjutting brûkt. De alawiten jouwe sels de foarkar oan de namme Alawiyya foar de ferwizing nei Aly.


Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.