Springe nei ynhâld

Sjiïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjyiten)
Lannen mei in moslimbefolking fan teminsten 10% (grien is soennitysk, read is sjiitysk, blau is ibadysk)

It sjiïsme of de sjiïtyske islam (fan it Arabyske: شيعة shi'āt Alī, letterlik "Partij fan Ali") is in sammelnamme foar in stikmannich islamityske streamings dy't de erkenning fan ʿAlī ibn Abī Ṭālib gemien hawwe as iennichst rjochtmjittige kalyf nei de dea fan de profeet Mohammed. De "Partij fan Ali" ûntstie as politike groepearring yn 661 doe't de harren tsjinstanners, de Omajjaden, it kalifaat bemachtigen. Ta de sjiïten hearre de imamiten (benammen yn Iraan, Irak, Azerbeidzjan, Libanon en Afganistan), de ismaeliten (ferspraat; û.m. yn Syrje en Yndia), de saïditen (yn Jemen), de druzen (yn Libanon, Syrje en Israel) en de alawiten (yn Syrje en Turkije). De lêste beide groepen binne safier fan 'e otterdokse islam ôfrekke, dat se soms net mear as moslims beskôge wurde.