Springe nei ynhâld

Omajaden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Omajjaden)
It Omajadyske Ryk op syn grutst.

De Omajaden, ek wol Umayyaden neamd , is de namme fan in Arabyske dynasty, dêr't sawol de kalifen ta hearden dy't fan 661 oant 750 it Islamityske Ryk regearren as de út harren fuortkommende Spaanske Omajaden (756-1027).

De earste Omajadyske kalyf wie Mu'awiyah I (661-680), dy't troch it net erkennen as kalyf fan Aly yn 756 in boargerkriich feroarsake en dy't nei de dea fan Aly it liederskip oer it Islamityske Ryk ferwurf. Dêrop waard de haadstêd fan it ryk ferpleatst fan Mekka nei Damaskus, dat dy status oant en mei de ein fan 'e Omajadyske dynasty hâlde soe. Under de Omajaden hawwe de grutte feroveringen fan de Arabieren oant Sintraal-Aazje, Yndia en Spanje plakfûn.

Ut Abd al-Rahman I, in pakesizzer fan de tsiende Omajadyske kalyf Hisjam, dy't ûntkaam oan de Abbasiden, kaam yn 750 de Spaanske tûke fan de Omajjaden fuort. It slagge him om himsels yn Spanje as emir erkenne te litten, en hy makke Kordoba ta syn residinsje. De grutste machtsûntwikkeling waard berikt troch Abd al-Rahman III (912-961) dy't Spanje losmakke fan it kalifaat fan Bagdad en himsels ta kalyf útrôp.