Springe nei ynhâld

Thijs Terpstra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 feb 2018 om 00.10 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Thijs Terpstra
politikus
echte namme Thijs Terpstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 10 july 1916
berteplak Grou (?) (Fryslân)
stjerdatum 7 septimber 2006
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
partij VVD
Wethâlder fan Idaerderadiel
amtsperioade 19?? – 19??
Lid fan de gemeenterie fan Idaerderadiel
amtsperioade 19741985

Thijs Terpstra (Grou?, 10 july 1916Ljouwert, 7 septimber 2006) wie in Frysk ûndernimmer en politikus út Grou. Hy runde jierrenlang in boek- en kantoarboekhannel oan 'e Parkstrjitte. Teffens wied er de oprjochter fan Utjouwerij Fryslân, in útjouwerij dy't him talei op it publisearjen fan Frysktalige literatuer, en dy't lange tiid oan 'e Lytse Buorren fêstige wie, mar letter troch de Afûk oernomd waard.

Terpstra bejoech him ek yn 'e pleatslike polityk, en siet fan 1974 oant 1985 foar de VVD yn 'e gemeenterie, earst yn dy fan Idaerderadiel, en nei de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn dy fan Boarnsterhim. Fierders wied er ek ferskate jierren wethâlder fan Idaerderadiel, en fan 1938 oant 1954 wied er foarsitter fan 'e Grouster gymnastykferiening Sport Staalt Spieren (SSS), wêrfan't er nei syn ôftreden earelid waard. Yn it ferlingde fan dy lêste funksje stie Terpstra oan 'e widze fan it Sportcentrum Grou, dêr't er jierrenlang siktaris fan wie.

Nei ferskate wiken fan slimme sykte ferstoar Terpstra op tongersdei 7 septimber 2006 yn it sikehûs te Ljouwert. Hy waard 90 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: