Springe nei ynhâld

Jacob Algera

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 des 2017 om 17.48 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Oare foto)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jacob Algera yn 1958

Jacob Algera (Wurdum, 28 maart 1902De Haach, 8 desimber 1966) wie in jurist en politikus.

Nei in juridyske stúdzje yn Grins waard hy amtner by de provinsjale griffy en de Provinsjale Bibleteek oant 1937. Sûnt 1937 waard hy lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Fan 1935-1945 wie Algera lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster en tusken 1946-1952 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Sûnt 2 oktober 1952 wie hy minster fan Ferkear en Wettersteat. De brêge by Krimpen aan den IJssel by de stoarmfloedkearing is nei him neamd. Yn Wurdum is in strjitte nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Algera, Jacob.
  • Leeuwarden door de eeuwen heen (1935)
  • Genealogysk Jierboek 1957 side 42-43