Amoretti
Amoretti | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Amoretti | |
auteur | Edmund Spenser | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | syklus sonnetten | |
1e publikaasje | 1595, Londen |
De Amoretti is in Ingelsktalige syklus besteande út 89 sonnetten fan 'e hân fan 'e grutte Ingelske dichter Edmund Spenser (1552/1553-1599), dy't der syn stykjen om en úteinlike brulloft mei syn twadde frou, Elizabeth Boyle, yn juny 1594, mei beskreau. De Amoretti (wat Italjaansk is foar "leafdesdichtsjes") waard foar it earst publisearre yn 1595 te Londen, troch útjouwer William Ponsonby. Dêrby foarme it, yn 'e mande mei de nau besibbe dichtbondel Epithalamion, wêryn't it houlik fan Spenser en Boyle besongen wurdt, ûnderdiel fan Amoretti and Epithalamion.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amoretti is fierhinne oer de holle sjoen troch resinsinten, sawol fan doe as fan no, dy't it as ien fan 'e mindere renêssansistyske sonnettesykly yn 'e tradysje fan Petrarca sjogge. Boppedat wurdt it teffens alhiel oerskade troch Spenser syn masterwurk, it epyske gedicht The Faerie Queene. De Britske skriuwer C.S. Lewis, dy't ien fan 'e wichtichste tweintichste-iuwske Spenser-kenners wie, sei ris dat Spenser net ien fan 'e grutte sonnetteskriuwers wie. Oare kritisy, lykwols, beskôgje Spenser syn sonnetten as ynnovatyf en beskikkend oer in grut ferskaat oan toanen en gefoelsútdrukkings, en fine se folle knaphandiger gearstald en subtiler as dat oer it algemien erkend wurdt.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1975 sette klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter fral bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee, ien fan 'e sonnetten út Spencer syn Amoretti oer yn it Frysk, ûnder de titel Bea op Peaske. Tresoar hat dy fertaling op 'e noed; hy is yn te sjen ûnder oanfraachnû. 075.100. Ynsafier't men út it digitale argyf fan Tresoar opmeitsje kin, is Bea op Peaske nea publisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
sekundêre literatuer:
|