Livius fan Haersma
Livius fan Haersma (20 maaie 1702 - 30 jannewaris 1778) wie in Frysk politikus en grytman fan Smellingerlân.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Livius fan Haersma waard berne yn 1702 út in foarnaam laach fan Fryske eallju. Syn heit wie Aulus fan Haersma (1670-1717), dy't ek grytman fan Smellingerlân wie. Syn mem hiet Anna fan Scheltinga (1665-1729). Hja wenne op Grut-Haersmastate yn Aldegea. Livius boaske yn 1735 earst mei syn folle nicht Aurelia fan Haersma (berne 24 desimber 1705). Aurelia ferstoar op 28 febrewaris 1753. Yn 1758 boaske er fannijs mei Johanna Maria Saekma fan Wijckel (berne 4 augustus 1716). Hy hie gjin bern en ferstoar yn 1778 op 75-jierrige leeftiid. Hy waard byset yn 'e tsjerke fan Aldegea. Syn widdo ferstoar op 16 septimber 1792.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 22 juny 1723 folge Livius fan Haersma syn broer Arent, dy't jong stoar, op as grytman fan Smellingerlân. Livius sels die yn 1770 ôfstân fan it amt, en waard opfolge troch syn styfsoan Hector Livius fan Haersma (1737-1820). Behalven it grytmanskip hie er yn opienfolgjende perioaden ek oare politike en amtlike funksjes. Sa wie er lid fan de Steaten fan Fryslân en kommittearre fan ferskate admiraliteiten en rekkenkeamers. As lid fan it Mindergetal wenne er yn 1734 de yntocht fan steedhâlder Willem IV by.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toanielferiening Op 'e Nij Bigoun fan Aldegea hat yn 1997 in iepenloftspul opfierd oer dizze grytman, mei de titel 'Livius'. Tsien jier letter folge in twadde iepenloftspul 'Hector' oer syn styfsoan.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|