Springe nei ynhâld

Sint-Agathatsjerke (Aldegea)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Agatatsjerke)
Sint-Agathatsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Aldegea
adres Buorren 1
koördinaten 53° 07' N 6° 00' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Agata fan Sisylje
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33989
Webside
PKN Aldegea
Kaart
Sint-Agathatsjerke (Fryslân)
Sint-Agathatsjerke

De Sint-Agathatsjerke is in tsjerkegebou oan de Buorren yn Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. De tsjerke is in ryksmonumint.

De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Agatha. Nei de reformaasje ferdwûn de namme, mar yn 2007 joech de doe noch herfoarme tsjerke de katolike namme werom. De tsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente fan Aldegea. It behear fan de tsjerke is ûnderbrocht by de tsjerklike 'Stichting Sint-Agathatsjerke'.

Oargel

De 12e-iuwske ienbeukige tsjerke krige om 1250 hinne oan de westside in romaanske toer. De romte ûnder de toer waard yn de 16e iuw brûkt as finzenis (hûnegat). Yn de toer hinget in klok út de 13e iuw en in jongere klok út 1949.

By it langer meitsjen fan de tsjerke waard yn de 14e iuw in nij goatysk koar oanboud, dat yn 1599 mei in nije eastlike muorre rjocht waard ôfsletten. Yn 1717 krige de tsjerke rûnbôgefinsters mei brânskildere glês. Yn 1875 waarden de muorren en de kape ferhege en yn 1988 waard it piramidedak fan de toer op 'e nij opmitsele.

De tsjerke wie oan it begjin fan de 20e iuw brekfallich en der waard oer sloop praat, mar in restauraasje folge yn 1921 neffens plannen fan G.J. Veenstra. De noardlike kant krige wer in romaanske yndieling en der waard in houten tonferwulft oanbrocht, dat troch Jacob Por beskildere waard.

Yn de tsjerke is in preekstoel út it begjin fan de 17e iuw. De hearebank fan de Van Haersma's is ek begjin 17e-iuwsk. Oan de muorre hingje alve rouboerden fan 1707 oant 1792. De trije psalmbuorden binne 18e-iuwsk.

It oargel út 1875 is boud troch L. van Dam en Soannen en útwreide (1921) troch Bakker & Timmenga. It twamanualige ynstrumint hat 19 registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: