Springe nei ynhâld

Fisigoatyske Ryk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jul 2017 om 15.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Literateur: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
kroan fan kening Resdeswinth (653–672)

It Fisigoatyske Ryk wie in Jeropese keninkryk tusken de 5e en de 7e iuw, dat yn Súd-Galje stifte waard troch it Germaanske folk fan de Fisigoaten doe it Romeinske Ryk healwei de 5e iuw harren gesach bûten Itaalje kwyt rekke.

Yn de 4e iuw waarden de Fisigoaten, troch de ynfallende Hunnen ferdreaun út Daasje en krige sy fan de Romeinen tastimming om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Lykwols ferrûn de yntegraasje fan de Fisigoaten as bûnsmaten min; hja waarden striemin behannele en der hearske hongersneed. Under lieding fan Fritigern kamen de Fisigoaten yn opstân en der bruts in oarloch út dy't einige mei in skitterjende oerwinning op de Romeinen op 9 augustus 378 yn de Slach by Adrianopel. Nei de oerwinning hienen de Fisigoaten frij spul op de Balkan omdat it Romeinske leger ferneatigje wie. Mei de nije keizer Teodosius I waard in frede sletten dy't gruttendiels stân hâlde soe oant 395.

Under it bewâld fan kening Alarik, wiksele in ûnrêstige frede him ôf mei konflikten tusken Alarik en de machtige Germaanske generaals dy't befel fierden oer de Romeinske legers, en dy't it feitlik foar it sizzen hienen yn it Ryk. Nei de moard op de westlike genereaal Stilicho yn 408 rekke Alarik yn it foardiel. Hy foel Itaalje yn en teach op nei Rome dat op 24 augustus 410 troch him ynnommen waard.

Keninkryk yn Akwitaanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It keninkryk Akwitaanje

Neidat inkele jierren letter de frede opnij wersteld wie, stie keizer Honorius de Fisigoaten yn 418 ta harren yn de provincie Akwitaanje te fêstigjen. Neigeraden dat de Romeinske machtsstruktuer hieltyd fierder ynstoarte en dêrtroch de ynfloed fan Rome lytser waard, wie fan 425 ôf ûnder kening Diderik I al sprake fan in folweardich keninkryk. Under syn bewâld ferspraten de Fisigoaten harren oer hieltyd gruttere parten fan Galje en lutsen sy de Pyreneeën oer, nei Spanje ta. Yn Spanje troffen sy in selde situaasje. De Fandalen en Alanen hienen de leechte opfold dy't it ynstoartende Romeinske Ryk efterlitten hie. Yn in rige skermutselings waarden de Alanen yn 426 troch de Fisigoaten ferpletterjend ferslein en lutsen de Fandalen harren tebek nei Andalúsje. Fan der út stutsen hja lang-om-let yn 420 oer nei Noard-Afrika wat it lân frijliet foar de Fisigoaten. Yn it bercheftige noarden fan Spanje koenen de Basken en de Sueven harren lykwols handhavenje.

Grutste útwreiding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ryk fan de Fisigoaten

Noch foardat it West-Romeinske Ryk yninoar stoarte, waard ûnder de twadde grutte kening fan de Fisigoaten, Eurik, al folsleine ûnôfhinklikens ôftwongen. Under syn bewâld foarme it Fisigoatyske ryk it machtigste ryk yn West-Jeropa. Sa om 500 hinne berikte it keninkryk syn grutste útwreiding.

De slach om Galje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de opkomst fan it Frankyske ryk fan kening Klovis ûntstiene stadichoan spanningen oan de noardgrins fan it Fisigoatyske ryk. Dizze spanningen waarden serieus doe't Klovis in bûnsmaatskip sleat mei de Boergondyske kening Gundobad. Nei wat lytsere territoriale konflikten krigen de spanningen hieltyd faker in godstsjinstich karakter. De Franken en Boergonden, beide Katolike folken, krigen stipe fan de Katolike tsjerke yn Galje. De Fisigoaten, dy't sels Arianen wienen, waarden fan binnenút ûnder druk set troch harren Katolike Gallo-Romeinske befolking. Fanút de katolike tsjerken rôpen de biskoppen de befolking op om yn ferset te kommen tsjin de Fisigoaten. As reaksje hjirop waarden de biskoppen fan Limoges en Arles gizele. Dat wie foar Klovis reden om de Fisigoatyske kening Alarik mei oarloch te driigjen.

Om in ein te meitsjen oan de oarlochsdriging, rôp Alarik de bemiddeling yn fan syn skoanheit, de Ostrogoatyske kening Diderik de Grutte. Tanksy syn bemiddeling kaam der yn 506 in fredesferdrach tusken Klovis en Alarik.

Klovis wie lykwols net fan doel him oan it ferdrach te hâlden. Yn de maaityd fan 507 foel hy tagelyk mei kening Sigebert fan de Ripuaryske Franken en kening Gundobad fan de Boergonden, it Fisigoatyske keninkryk oan. Yn de Slach fan Fouillé waarden de Fisigoaten folslein ferslein en foel kening Alarik yn Frankyske hannen. Hy waard eigenhannich fermoarde troch Klovis. It restant fan it Fisigoatyske leger flechte nei it suden en luts har werom yn Septimaanje. Klovis gong oer ta it ferdylgjen fan de lêste fersetshurden. Syn soan Teuderik waard belêste mei de oermastering fan Celtica, wylst hy sels opluts tsjin de Basken. De oermastering fan Septimaanje waard oerlitten oan Gundobad.

Yn Septimaanje ferskânzen de Fisigoaten harren yn in oantal goed te ferdigenjen stêden: Carcassonne, Béziers, Nîmes en Arles. Alhoewol't alle stêden lang belegere waarden en de lândbougrûnen yn 'e brân stutsen, wienen de Boergonden net by steat om de stêden yn te nimmen. Doe't yn 508 úteinlik de Eastrogoten harren mei de striid bemuoiden waarden Arles en Avignon ûntset en de Boergonden fuortjage. Septimaanje soe Fisigoatysk bliuwe, mar de rest fan Galje gong foar altyd ferlern.