Springe nei ynhâld

Gundobad

Ut Wikipedy
Munt mei inisjalen fan Gundobad

Gundobad (452-516) wie in Boergondyske kening, dy't yn 'e 5e iuw, it tiidrek fan de Grutte Folkeferfarren, fan belang west hat. Hy wie in stikmannich jierren magister militum (oerbefelhawwer) fan it Romeinske leger (472-474). Letter, fan 486 oant 516, wie er kening fan de Boergonden, in Germaanske stam. Hy wie in neef fan de Germaanske hearsker Risimer.

Magister militum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gundobad waard om 445 hinne berne as de âldste soan fan kening Gundiok. Hy waard grutbrocht yn 'e omkriten fan (Savoye) en siet yn syn jonge jierren yn Itaalje by it Romeinske leger, dêr't syn omke Risimir as oerbefelhawwer fan it leger feitlik hearske oer it West-Romeinske Ryk.

Nei it ferstjerren fan Risimer op 8 augustus 472 berikte Gundobad syn hege posysje yn it leger. Troch keizer Olybrius waard er beneamd as magister militum fan it Romeinske leger yn it westen. Al gau die er itselde as syn foargonger doe't er nei de dea fan keizer Olybrius op 3 maart 473 in strieman Glycerius as keizer beneamde.

Hy krige as oerbefelhawwer te krijen mei de komst fan in part fan de Ostrogoaten, lieden troch Fidimir. Dat folk hie har wengebiet yn Pannoanje ferlitten en besocht nei Itaalje te ferfarren. Gundobad koe de Ostrogoaten gewurde litte, sadat se fierder teagen nei Galje, nei har besibbe stam, de Fisigoaten.

Yn it East-Romeinske Ryk koe keizer Leo I net akseptearje dat Glyerius op 'e troan yn it westen siet en stjoerde syn ferwant Julius Nepos mei in leger nei it westen om de hearskippij oer te nimmen. Fanút Dalmaasje, dêr't er gûverneur wie, fear Nepos mei in machtich leger nei Itaalje. Yn juny 474 berikte Nepos Ostia (de havenstêd fan Rome) en luts nei Ravenna. Glycerius joech him oer en Gundobad waard troch Nepos foartendaliks ûntheft fan syn funksje yn it leger. Teloarsteld ferliet Gundobad Itaalje en gong werom nei syn stamferwanten yn Galje.

Kriich om it keningskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Werom yn Galje feroarsake Gundobad in opfolgingskrisis. Syn heit Gundiok, wie yn 473 stoarn en hie syn keninkryk ferparte oer syn trije oare soannen, Godigisel, Gilperik II en Gundomar. Gundobad wie it hjir fansels net mei iens en kearde him tsjin syn bruorren. Hy deade Gundomar yn 486 en fersloech Gilperik yn 493.

Tsjin Godegisel ferlear hy de slach. Dizze broer slagge deryn om mei help fan de Franken Gundobad te ferslaan by Dijon yn 500. Gundobad koe lykwols nei Avignon flechten en kearde mei help fan de Fisigoaten it jier dêrop wêrom. Diskear waard Godegisel by Vienne troch Gundobad ferslein, finzen nommen en yn 501 fermoarde, wêrmei't Gundobad úteinlik allinnich hearsker fan de Boergonden waard.

Under it bewâld fan Gundobad waarden de Boergonden bûnsmaten fan it East-Romeinske Ryk en de Ostrogoaten. Dit bûnsgenoatskip kaam ta stân om it opkommen fan it Frankyske ryk fan kening Klovis tsjin te hâlden. Troch yntensive diplomasy fan biskop Avitus fan Fienne, slaggen de Franken der lykwols yn om Gundobad oer te heljen de side fan Klovis te kiezen. Gundobod ferbruts it ferbûn mei de Romeinen en Ostrogoaten en sleat yn 507 in nei ferdrach mei de Frankyske kening. Tegearre foelen sy de Fisigoaten oan dy't yn de slach fan Fouillé (507) ferslein waarden. Mar doe't de Ostrogoaten de Fisigoaten te help skeaten, waard Gondobad op syn beurt ferslein. Troch dizze nederlaach rekke hy in part fan syn grûnbesit (de Provence besuden Durance) kwyt oan de Ostrogoaten. Letter waard dit besit werom jûn oan de Boergonden.

Under it bewâld fan Gundobald waard it Boergondyske rjocht op skrift set. Gundobald kaam te ferstjerren yn 516 en waard opfolge troch syn soan Sigismund.