Alarik II

Ut Wikipedy

Alarik II (berne tusken 458 en 466stoarn yn augustus 507) folge syn heit Eurik yn 485 op as kening fan de Fisigoaten. Syn Fisigoatysk ryk omfieme trije kwart fan Spanje (útsein de noardwesthoeke) en de helte fan Galje.

it Fisigoatyske keninkryk ûnder Alarik II.

Binnenlânsk belied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 498 en 506 hie hy yn Spanje te stellen mei opstannen dêr't de Romeinske befolking by belutsen wie. Under lieding fan usurpators besochten sy harren te ûntdwaan fan it Fisigoatyske bewâld. De twadde kear oermasteren de Fisigoaten de stêd Dertosa yn de delling fan de Ebro en deade de Romeinske oanfierder Peter.

Alarak wie in oanhinger fan it Ariaanse leauwen, lykas de measten fan syn folk. Hy wie net fanatyk en fersêfte de ferfolging fan de Katoliken. Ek joech hy tastimming oan de Katoliken yn 506 om it Konsily fan Agde te hâlden. In oar wiis beslút wie syn inisjatyf om in oersjoch te meitsjen fan alle Romeinske wetten en Keizerlike besluten, dat gesachhawwend wêze moast foar syn Romeinske ûnderdienen. Dizze gearstalling stiet bekend as it Breviarium Alaricianum.

Bútenlansk belied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 486 wegere Alarik de Romeinske kening Syagrius asyl te jaan, doe't dizze hearsker fan in gebiet om Soissons hinne, troch Klovis ferslein waard. Hy kaam hjirmei temjitte oan it fersyk fan de Frankyske kening om útlevering.

Alarik wie in freedsum man en besocht it ferdrach dat syn heit mei de Franken sletten hie te hanthavenjen, mar Klovis I, dy't it Goatyske grûnbesit yn Galje yn hannen hawwe woe, fûn it Arianisme in reden om kriich te fieren. In gearkomst mei syn skoanheit Diderik, kening fan de Ostrogoaten wie om 'e nocht. Nei jierrenlange kriich mei wikseljend ferrin waarden de Fisigoaten úteinlik yn 507 ferslein yn de Slach fan Fouillé tichtby Poitiers. Neffens de oerlevering soe Alarik dy't op de flecht slein wie nei de ferlern fjildslach, finzen nommen wurde en troch Klovis eigenhannich deamakke.

Syn echte soan Amalarik wie noch in bern, dus waard hy opfolge troch syn ûnwettige soan Gesalik.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Schreiber, Hermann, de Goten: vorsten en vazallen (1979)