Lagardère SCA
Lagardère SCA | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
type | publyk | |
sektor | multymedia | |
haadkertier | Parys (Frankryk) | |
oprjochte | 1992 | |
oprjochter | Jean-Luc Lagardère | |
eigner | oandielhâlders | |
fuortk. út | Matra en Hachette SA | |
dochters | sjoch ûnder difyzjes | |
sifers | ||
omset | €7,2 miljard (2014) | |
winst | €185 miljoen (2014) | |
wearde | €7,5 miljard (2014) | |
aktyf yn | 40 lannen | |
wurknimmers | 23.750 (2014) | |
offisjele webside | ||
www.lagardere.com |
Lagardère SCA is Frânsk bedriuw wêrfan't it haadkertier fêstige yn it sechstjinde arrondisemint fan Parys. Foarhinne besloech it wurkmêd fan dizze multinational in grut ferskaat oan sektors, mar tsjintwurdich is it fierhinne beheind ta multymediaproduksje en -útjefte. Op dat terrein is it ien fan 'e liedende korporaasjes fan 'e wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jean-Luc Lagardère wie in Frânsk ûndernimmer, dy't yn 1963 oan it haad kaam te stean fan it bedriuw Matra, in fleantúchprodusint dy't yn 1945 oprjochte wie. Yn 1981 naam Matra de foaroansteande Frânske útjouwerij Hachette SA oer, en waard Lagardère ek dêr de foarman fan. Yn 1992 waarden de beide bedriuwen gearfoege ta Lagardère SCA, dat him fanôf dy tiid benammen talei op 'e publikaasje fan multymedia-útjeften fia de "papierrene" útjouwersbrâns, mar ek fia tillefyzje, radio en it ynternet.
Difyzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is Lagardère aktyf yn fjirtich ûnderskate lannen, en bestiet it konglomeraat út fjouwer grutte difyzjes:
- Lagardère Publishing: publikaasje fan boeken, e-boeken en audioboeken
- Hachette Livre (yn Frankryk)
- Hachette Book Group (yn 'e Feriene Steaten)
- Lagardère Active
- Hachette-Filipacchi Médias: publikaasje fan kranten, tydskriften en digitale media
- Hachette TV & Radio: radio- en tillefyzjeproduksje en -útstjoering en reklametsjinsten
- Lagardère Services: detailhannel (benammen yn lofthavens en op grutte spoarstasjons)
- Lagardère Unlimited: ympressariaat op it mêd fan sport- en oar talint; sportbegelieding, evenemintmanagement, marketing fan útstjoerrjochten en management fan sportparken en -stadions
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |