Dick Eisma
Dick Eisma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dick Eisma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 augustus 1941 | |
berteplak | Easterein (Fryslân) | |
stoarn | 30 desimber 2011 | |
stjerplak | Aldehaske (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde), oersettings | |
bekendste wurk(en) |
Tiidwurden De Soldaat Dy't Weromkaam (fert.) | |
útjouwer | Afûk KFFB | |
jierren aktyf | 1989 – 2011 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Dick Eisma (Easterein, 25 augustus 1941 - Aldehaske, 30 desimber 2011) wie in Frysk skriuwer, oersetter, korrektor , âld-skoalmaster en âld-learaar, dy't tige bekend wie yn it Fryske fermidden.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dick Eisma waard berne yn Easterein, mar groeide op yn Wommels. Yn Snits folge er de kweekskoalle De Him. Yn de winter fan 1963 begûn er as skoalmaster yn Bakhuzen, dêr waard er troch Hendrik Twerda oantrúnd om mei in stúdzje Frysk te begjinnen. Sa rûn er troch de jierren it trajekt akte-lû, akten mû-a en mû-b en doktoraal Frysk ôf, it lêste helle er yn septimber 1983. Fan 1970 ôf wie er ferbûn oan de kristlike legere skoalle yn De Knipe, hy wie dêr oant 1985 skoalhaad. Neist it legere ûnderwiis waard Eisma ek dosint Frysk op skoallen foar it fuortset ûnderwiis.
Yn 1985 stapte er út it ûnderwiis en begûn doe as korrektor by de Friese Pers, de Friesland Post en de Afûk. Hy joech Fryske les by de Afûk en fersoarge dêr in grut tal publikaasjes op ûnderwiis- en taalmêd, wêrûnder samlingen sprekwurden. Hy wie mei oaren skepper en skriuwer fan kursusboeken A, B, C, Akte, Offisjeel ferkear, Taaleigen en Tiidwurden (letter mei Jan Popkema).
Yn 1981 waard er troch Johannes van der Goot en E.S. de Jong frege oft er yn it bestjoer fan de KFFB woe. Hy waard skriuwer-skathâlder, dat bleau er oant 2010. Hy krige yn de rin fan de jierren in soad manuskripten ûnder eagen, joech syn krityk en holp skriuwers om der in moai boek fan te meitsjen. Yn de jierren '90 goaide it bestjoer fan de KFFB it roer om en feroare de feriening fan in Kristlike Folksbibleteek yn boekeklub KFFB; it spesifyk kristlike karakter waard loslitten, dat wie op oanstean fan Durk van der Ploeg en Piter Duijff. In útjefte dy't dy oergong markearre wie In apel foar ûnderweis fan Benny Holtrop yn 1993. Stadichoan waard Eisma as skepper en skriuwer fan it KFFB-útjeftefûns it gesicht fan de feriening. Hy wie by de KFFB ek warber as oersetter, hy sette ûnder oare romans fan Theun de Vries oer. Begjin 2011 naam Eisma op de jiergearkomste fan de KFFB ôfskied. Hy waard doe, neist Johannes van der Goot en E.S. de Jong, beneamd as earelid.
Begjin 2008 krige er te hearren dat er lymfklierkanker hie. Der folge in tiid fan in soad ûndersiken en gemo-kuren. It like de goede kant op te gean, mar yn 2011 buorke de sûnens hurd efterút. Ein 2011, op 30 desimber, ferstoarn Dick Eisma yn de âldens fan 70 jier. Fan 1984 oant syn dea wenne er mei syn frou yn Aldehaske.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tiidwurden (Afûk, 1989)
- Sa Hat it Sitten (siswizen, 1989)
- It Is de Boer Allike Folle (siswizen)
- It Is mei Sizzen Net te Dwaan (siswizen, 2000)
- Dat Kin de Brune net Lûke (siswizen, 2001)
- In Lyk Man Is in Ryk Man (siswizen, 2002)
- It is Mei Sizzen Net te Dwaan (siswizen, 2009)
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Bearejacht (mei Jacobus Knol, nei Theun de Vries, 1997)
- De Soldaat Dy't Weromkaam (nei Theun de Vries, 2003)
- Tussen Boedapest en Bergumerheide (nei Jacobus Knol, 2003)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|