Springe nei ynhâld

Jan Toorop

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2017 om 19.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jan Toorop, yn 1892 fotografearre troch Willem Witsen

Johannes Theodorus (Jan) Toorop, ek: Jean Theodor Toorop, (Poerworedjo Java, 20 desimber 1858Den Haach, 3 maart 1928)[1] wie de wichtichste Nederlânske keunstskilder fan it symbolisme. Syn wurk evolueaerre lykwols ta dizze styl fia it ympresjonisme fan syn debút en zijn neifolgjend divisjonisme. Jan Toorop is de heit fan Charley Toorop, de pake fan Edgar Fernhout en de âldepake fan Rik Fernhout - fjouwer generaasjes keunstskilders.

Toorop waard berne op Midden-Java. Hy wie 14 jier doe't de hûshâlding nei Nederlân ferfarde. Yn it earstoan wie it de bedoeling dat er de kommersy yn soe, mar sin niget oan it aristike brocht him nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam, fan 1880 oant 1882, ûnder lieding fan August Allebé, en dy fan Brussel, ûnder lieding van Jean-François Portaels.

De Brusselske tiid soe beskiedend foar syn keustnersfoarming wêze. Te Machelen dielde er in skoft in atelier mei William Degouve de Nuncques. Hy krige kunde oan de letterkundigen Emile Verhaeren en Maurice Maeterlinck en dompele him ûnder yn it keunstsinnige avant-gardistyske fermidden, dat oerhearske waard troch James Ensor en Fernand Khnopff. Hy waard trouwens yn 1885 al opnaam as lid yn de progressistyske groep Les XX fan Octave Maus.

Mei syn freon Ensor gie er nei Parys en rekke dêr ûnder de yndruk fan it pointillisme fan Georges Seurat en Paul Signac. Mei Verhaeren reizge er nei Londen, yn 1884 en 1886. Dêr waard er rekke troch it nuveraardige wurk fan de ympresjonist James McNeill Whistler.

Yn 1890 festige Toorop him wer yn Nederlân. Ek dat jier yntrodusearre er Johan Thorn Prikker yn de Belgyske Keunstkadeemje Les XX. Toorop ûntwikke yn Nederlân syn saneamde "lineair idealisme", as wichtich symbolist, yn in religieusk rjochte art-nouveaustyl. Yn 1894 make er in litografy foar de NOF om de Delftsche Slaolie oan te rekommandearjen, dêr't de art-nouveaustyl tige sterk yn ta útering kaam. Troch de bekendheid fan dizze lito waard art nouveau yn Nederlân ek wol slaoaljestyl neamd. Fan 1890 oant 1892 en fan 1899 oant 1904 wenne er yn Katwyk oan See. Hjir makke er ûnder oaren De Zee (Ryksmuseum Amsterdam). Yn Katwyk waard syn dochter Charley Toorop berne yn 1891.

Toorop op lettere jierren

Yn 1902-1903 bestege Toorop in soad tiid oan syn keunstwurken yn de nije keapmansbeurs fan Amsterdam, it gesamtkunstwerk nei in ûntwerp fan H.P. Berlage, de Beurs fan Berlage fan no. Yn de haadyngong fan de Beurs kamen trije grutte tegeltablo's fan Toorop, "Verleden, Heden en Toekomst". Ek foar de Nôtbeurseal en de Effektebeursseal makke er tegeltablo's. Alle wurken yn de Beurs hawwe ideële tema's sa as emansipaasje fan froulju en de ferheffing fan arbeiders. Der sit in beskate spanning tusken dizze symbolyk en de kapitalistyske funksje fan it gebou.

Begjin 20e iuw wenne Toorop yn in hûske op de Markt yn Domburch, op Walcheren. Hy wurke gear mei in groep befreone skilders, dêr't Marinus Zwart en Piet Mondriaan by wiene. Fan in mei-inoar stribjen of in mienskiplike styl wie gjin sprake. Elts folge syn yndividuele persoanlikheid, mar allegear sochten sy wol har ynspiraasje ûnder it "Siuwske ljocht", yn it dúnlânskip, de bosken en it karakteristike Siuwske folk. Toorop wie dêr it middelpunt fan.

Jan Toorop stoar mei 69 jier.

Het Kotje van Toorop wie oarspronklik in houten paviljoentsje yn de dunen, op inisjatyf fan Toorop yn 1912 set en bedoeld om der eksposysjes te hâlden foar de badgasten. Fyftjin skilders holden der in opskuor jaande útstalling mei 82 skilderijen, akwarellen en tekeningen. Het Kotje beswike lykwol itselde jier troch in swiere stoarm. In steviger konstuksje hold it likemin út. No is Het Kotje, oanpast troch arsjitekt Cees Stam, oplutsen yn it sintrum fan Domburch en it wurdt no neamd nei de ferneamde keunstsammelster Marie Tak van Poortvliet.

Toorop hat ek ea wurke as boekbânûntwerper, ûnder oaren foar útjouwer L.J. Veen mei syn fraaie art-nouveau-banne foar de boeken fan Louis Couperus.

By de rûnte om Het kotje van Toorop hearden syn dochter Charley Toorop, Piet Mondriaan, Henri Le Fauconnier, Ferdinand Hart Nibbrig, Lodewijk Schelfhout en Jacoba van Heemskerck.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie (Jan Toorop).