Charley Toorop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Charley Toorop yn 1951
Charley Toorop en Maurits Uyldert yn 1953

Annie Caroline Pontifex (Charley) Fernhout-Toorop (Katwyk, 24 maart 1891Bergen (Noard-Hollân), 5 novimber 1955)[1] wie in Nederlânse skilderesse en litografe.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charley Toorop is de dochter fan Jan Toorop. Har soan Edgar Fernhout, ek wol Eddy Fernhout neamd, waard ek keunstskilder. Har oare soan, John Fernhout, waard filmer en arbeide in protte op mei Joris Ivens. Charley wie de skoanmem fan de bekende fotografe Eva Besnyö dy't yn 1933 mei John Fernhout troude.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charley Toorop wie fan 1916 ôf lid fan de keunstnersgroep Het Signaal, dy't yngeande belibbing fan de werklikheid foarstie troch kleuren en linen swier oan te sette kleurkontrasten te brûken. Mei dêrom wurdt se wol rekkene ta de Bergenske Skoalle.

Yn 1926 gie sy nei Amsterdam, dêr't har skilderkeunst beynfloede waard troch de film. Frontaal skilderde figueren steanne los neist elkoar as wiene sy troch lampen op in filmset útljochte. Har stillibbens litte besibbenens sjen mei it syntetysk kubisme fan Juan Gris. Yn de jierren '30 begjint hja in protte frouljusfigueren, ek neakten en selsportretten yn in krêftige, realistyske styl te meitsjen. Bekend binne har grutte doek Drie generaties (1950), in selsportret, (in portretbuste fan) har heit en har soan Edgar, dêr't se wierheidsleafde en gefoel foar symbolyk yn ferienigt.

Har realisme sûnder konsesjes hat wat magysks: "Is de natuurlijke verschijning de werkelijkheid", frege sy har al yn 1917 ôf, "of is aan haar vorm alleen te betasten het meest onwerkelijke dat voor ons verschijnt? Dit onwerkelijke, wat het meest werkelijke is."

Charley Toorop wie in freondinne fan oare keunstners sa as Bart van der Leck en Piet Mondriaan. Wichtich wurk fan har hat it Kröller-Müller Museum te Otterlo op'e noed.

It troch har ûntwurpen en fanwege har boude hûs "De Vlerken" oan de Buerweg 19 yn Bergen (Noord-Holland) stiet dêr noch altyd, al is it nei in brân, no wol mei dakpannen ynstee fan reid bedutsen.

Iepenbiere kolleksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toorop as fioeliste (1903)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Charley Toorop, Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
  2. Objecten in het Museum Boijmans Van Beuningen
  3. Objekten yn it Ryksmuseum