Bridgette Kerkove
Bridgette Kerkove | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Bridget Kerkove, Bridgett Kerkove, Bridgette | |
echte namme | Patricia Lynn Felkel | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 febrewaris 1977 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) (?) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur, produsinte | |
jierren aktyf | 1998 – 2001 & 2002 – 2011 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Bridgette Kerkove, echte namme: Patricia Lynn Felkel (Los Angeles, 8 febrewaris 1977), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte fan etnysk Dútsk komôf, wa har artystenamme oft ek wol stavere wurdt as Bridget Kerkove of Bridgett Kerkove, en dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Bridgette neamde. Neffens har offisjele opjefte is Kerkove 1.63 m, mei in gewicht fan 49 kg. Se hat twa bern mei har eks-man Skeeter Kerkove, dy't lange tiid har agint wie en mei wa't se troud wie fan 1999 oant 2006.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net alhiel dúdlik wêr't Bridgette Kerkove berne is; de measte boarnen wolle hawwe dat dat yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, wie, mar de oars wol betroubere Internet Adult Film Database jout oan dat se yn Eastenryk berne is. Hoe dan ek, Kerkove is opgroeid yn Los Angeles, en se folge de middelbere skoalle yn Burbank, in foarstêd fan dy metropoal. Yn 1998, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.
Yn 1999 briek se it rekôr fan it spyljen yn 'e measte sekssênes yn ien jier, doe't se 203 sênes die yn 344 dagen. It jiers dêrop die se 205 sênes yn 319 dagen. Har rol yn Jake Steed syn Little White Chicks and Big Black Monster Dicks 4, út 1999, rûn út op in plysje-ûndersyk. Yn dy film spile se in skoalfamke dat ûnderweis nei hûs ûntfierd wurdt troch trije swarte manlju (Steed, Lexington Steele en Mandingo).
Doe't se yn it neijier fan 2001 swier waard, joech se har pornokarriêre deroan. Nei de berte fan har dochter Kaylynn Ashley, yn 2002, makke se in comeback, al die se it fan dy tiid ôf net mear sa mâl as foarhinne. Yn 2011 hold se foargoed op mei aktearjen, al bleau se efter de skermen noch wol by de pornoyndustry belutsen as regisseur en produsinte. Yn totaal hat Kerkove yn likernôch 290 pornofilms spile, en dêrfoar hat se trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn. Boppedat waard se yn 2011 ynhuldige yn 'e AVN Hall of Fame. As regisseur, yn hokker hoedanichheid oft se sûnt 2001 wurksum is, hat se oant mids 2013 58 pornofilms makke.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2000' | AVN Award | wûn | bêste nije stjer | n.f.t. |
2001 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Gwenn Summers, Coral Sands, Vivianne, Daisy Chain, Layla Jade en Candy Apples) |
The Violation of Bridgette Kerkove |
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Alexandria Quinn, Dave Hardman en Rick Masters) | M: Caught in the Act | ||
wûn | skandalichste sekssêne (mei Tyce Bune) | In the Days of Whore | ||
Venus Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
2002 | AVN Award | nominearre | bêste byrol fan in aktrise | The Gate |
wûn | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jewel Valmont, Nikita Denise, Herschel Savage en Trevor) | Succubus | ||
2001 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Improper Conduct |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Devinn Lake) | Improper Conduct | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei 8 oaren) | Clusterfuck | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise (fideo) | Improper Conduct | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Bridgette Kerkove yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Bridgette Kerkove yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |