Springe nei ynhâld

Súdwestgermaansk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mrt 2016 om 07.41 troch Pierlala (oerlis | bydragen) (omstav.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Súdwestgermaansk
algemien
taalgebiet Noardwest- en Midden-Jeropa
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Súdwestgermaansk
skaaimerken
tiidrek 1e-3e iuw
ûntstien út Westgermaansk
ûntjûn ta Aldfrankysk
Aldheechdútsk
Aldsaksysk

It Súdwestgermaansk is de teoretyske oertaal dêr't alle Súdwestgermaanske talen op weromgean soene. Ut dizze taal soene it Aldfrankysk, it Aldheechdútsk en it Aldsaksysk fuortkommen wêze, dy't de oertalen binne fan 'e Nederfrankyske, de Heechdútske en de Nedersaksyske talen. It it lykwols mar tige de fraach oft sa'n taal wol ea echt bestien hat.

Taalkundige fisy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte taalkundigen binne nammentlik fan betinken dat de hiele gruttere Westgermaanske taalkloft yn elts gefal by it losbrekken fan 'e Noardgermaanske groep, om 'e fyfde iuw hinne, al út selsstannige talen bestie.

As der al in Súdwestgermaanske ienheidstaal bestien hat, dan soe dy dus yn in earder tiidrek sprutsen wêze moatte, mooglik fan 'e earste oant de trêde iuw. Yn elts gefal moat er datearje fan foàr de ierste oerlevering fan in Súdwestgermaanske taal (nammentlik fan it Aldheechdútsk) oan 'e ein fan 'e achtste iuw. It bestean fan sa'n taal wurdt lykwols as twifelich beskôge, mei't saakkundigen it wierskynliker achtsje dat de Westgermaanske talen daliks fan it Proto-Germaansk oergien binne nei in stadium fan teminsten trije ûnderskate talen:

Dêrfan soene it Istveoansk en it Irminoansk dan de Súdwestgermaanske taalgroep foarme hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.