Springe nei ynhâld

Twongen houlik

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 okt 2013 om 21.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In twongen houlik is in houlik dêr't ien of beide fan 'e houlikspartners tsjin har wil ta twongen wurde. It is net itselde as in troch bemiddeling ta stân kommen houlik (wêrby't it houlik regele wurdt troch in trêde partij, lykas in keppelster, mar de beide partners der wol mei ynstimme). By in twongen houlik is fan ynstimming gjin sprake. Almeast is it de froulike houlikspartner dy't ûnfrijwillich úthylke wurdt en dan yn in foarm fan seksuële slavernij belânet. Twongen houliken komme noch rûnom foar yn Súd-Aazje, East-Aazje en Afrika, en ek yn it Westen ûnder ymmigranten dêrwei.

De Feriene Naasjes beskôgje twongen houliken as in foarm fan minskerjochteskeinings, mei't it begjinsel fan frijheid en fan it persoanlik selsbeskikkingsrjocht der geweld mei oandien wurdt. Yn 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske wurdt steld dat it rjocht fan in frou om sels te kiezen mei wa't se troud, in krúsjaal ûnderdiel fan har libben en har weardichheid is, en teffens fan gelikensens as minske. De Roomsk-Katolike Tsjerke en de measte oare kristlike denominaasjes beskôgje twang by it sluten fan in houlik as grûn foar annulearring fan dat houlik. It twingen fan immen om te trouwen wurdt spesifyk oanmurken foar in misdriuw yn Belgje, Denemark, Dútslân, Eastenryk, it Feriene Keninkryk en Turkije. Yn 2008 besleat it Bysûndere Gerjochtshôf foar Siërra Leone dat de untfiering en it finzen hâlden fan froulju mei as doel om harren te twingen om mei immen te trouwen in nije misdie tsjin de minsklikheid wie. Dêrby joech it hôf (yn 2012) oan, de term "twongen houlik" misliedend te finen en leaver te sprekken fan houliksslavernij (conjugal slavery).

In hiel oare foarm fan in twongen houlik is "trouwe moatte", yn it Nederlânsk een moetje, of yn it Ingelsk a shotgun wedding. Dêrby wurde twa jongelju dy't seksuële omgong mei-inoar hân hawwe dy't útrûn is op swierwêzen fan 'e froulike partner, troch de beide famyljes (of troch de famylje fan it fanke) twongen om te trouwen. Hjirby is de manlike partner almeast dejinge dy't ûnfrijwillich yn it houliksboatsje treaun wurde moat. Hoewol't dit foarhinne gjin útsûndering wie, komt soks yn it Westen tsjintwurdich selden mear foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.