Magadan
Magadan | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
oblast | Magadan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 89.834 (2023) | |
Oerflak | 295 km² | |
Befolkingsticht. | 304,52 ynw./km² | |
Hichte | 70 m | |
Oar | ||
Stifting | 1929 | |
Tiidsône | UTC+11 | |
Koördinaten | 59° 34' N 150° 48' E | |
Offisjele webside | ||
magadangorod.ru | ||
Kaart | ||
Magadan (Russysk: Магадан) is in stêd yn it Fiere Easten fan 'e Russyske Federaaskje. It is de haadstêd fan 'e oblast mei deselde namme. Magadan leit oan 'e See fan Ochotsk en is de grutste haven yn it noardeasten fan it lân. De stêd hat in skipfeartferbining mei Vladivostok, in eigen lofthaven en is oer it lân ferbûn mei Jakûtsk.
De stêd hat in minne namme fanwegen it Gûlagferline. Sûnt de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny hat de stêd in soad ynwenners kwytrekke. It sintrum fan 'e stêd wurdt behearske troch bebouwing út de jierren 1950 yn 'e styl fan it sosjalistysk klassisisme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard yn 1929 út in fiskersdoarp stifte yn 'e delte fan 'e Ola as in twangarbeiderskamp foar finzenen, dy't fan Vladivostok op it skip oanfierd waarden. Yn Stalin's tiid waard Magadan it plak fan wêrút politike finzenen fierder nei oare wurkkampen trochstjoerd waarden. Fan 1932 oant 1953 wie de stêd it bestjoerlike sintrum fan 'e organisaasje Dalstroj, in ûndernimming foar goudwinning mei in systeem fan twangarbeiderskampen. De earste direkteur fan Dalstroj wie Eduard Berzin, dy't tusken 1932 en 1937 de ynfrastruktuer fan 'e kampen yn Magadan opsette. Berzin waard yn 1938 tsjin 'e ein fan 'e Grutte Terreur yn opdracht fan Stalin yn 'e Lûbjankafinzenis fan 'e NKVD yn Moskou deasketten.
Yn april 1932 waard útein set mei de bou fan it kamp Sevvostlag, dat twangarbeiders levere foar de kampen oan 'e rivier de Kolyma. De arbeiders leine in lange hûnderten kilometers lange wei oan nei de goudfjilden fan Sûsuman. It gebiet stie folslein ûnder it gesach fan 'e geheime tsjinst. De stêd en de haven waarden benammen troch finzenen opboud en oanlein.
De haven fan Magadan tsjinne ek foar it útfieren fan goud en de oare metalen, dy't yn 'e Kolyma-krite fûn waarden. Mei de ûntwikkeling fan 'e minen en de útwreiding fan it kampesysteem groeide Magadan hurd en it plak krige op 14 july 1939 de status fan stêd.
Oan it begjin fan 'e jierren 1990 hie de stêd noch mear as 150.000 ynwenners. Nei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny en de ôfbou fan it tal militêre ynstellings dy't yn de stêd wiene, sakke it ynwennertal foars.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e stêd wurdt materiaal foar de mynbou produsearre. Fierder jout fiskferwurking, masinebou en metaalferwurking wurkgelegenheid. Yn 1933 waard in grutte elektrisiteitssintrale boud, mei in produksje fan 672 megawat. Sûnt 1962 is der ek in waarmte-krêftsintrale.
Magadan besocht dêrnei om it toerisme yn de regio te befoarderjen, mar troch it tekoartsjitten fan ynfrastruktuer binne it by plannen bleaun.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oan de Trije-ienheid wijde Russysk-otterdokse katedraal is 71,2 meter heech en de grutste otterdokse tsjerke fan it Russyske Fiere Easten. De bou fan 'e tsjerke sette yn 2001 útein ta neitins oan 'e slachtoffers fan 'e politike repressy op it fûnemint fan it nea foltôge 'Hûs fan de Sovjet'. Op 1 septimber 2011 waard de katedraal troch patriarch Kirill II ynwijd.
Yn Magadan is in monumint foar de slachtoffers fan 'e stalinistyske repressy ûntbleat op 12 juny 1996. It monumint stiet bekend ûnder de namme 'Masker fan it Fertriet' en is in ûntwerp fan Ernst Neisvestni. Yn it monumint is in replika fan in typyske sel út dy tiid, dêr't politike finzenen yn it Stalin-tiidrek yn opsletten waarden. Op 24 septimber 2008 besocht de doetiidske Russyske presidint Dmitri Medvedev it monumint om dêr blommen te lizzen.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1939 | 1959 | 1970 | 1982 | 1991 | 2000 | 2010 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 27.313 | 62.225 | 92.105 | 131.000 | 151.781 | 120.931 | 95.463 | 92.052 | 91.432 |
* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Magadan
|