Trije-ienheidkatedraal (Magadan)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidkatedraal

Свято-Троицкий собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Magadan
Magadan
koördinaten 59° 34' N 150° 48' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 2001-2008
arsjitekt Vladimir en Elena Kolosov
oare ynformaasje
hichte 71,2 (ynklúsyf krús)
offisjele webside
magadan-eparchy.ru

De Trije-ienheidkatedraal (Russysk: Свято-Троицкий собор; Svjato Troitski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn Magadan, Ruslân. De katedraal is de grutste otterdokse katedraal yn it Russyske Fiere Easten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard boud op it plak dêr't it 'Hûs fan de Sovjets' boud wurde soe. Fan dat nea foltôge gebou waarden de fûneminten en de metalen frames fan de earste twa ferdjippings brûkt om de katedraal te bouwen. Yn 2001 waard útein set en fanwegen de ôfmjittings wurken ferskillende oannimmers oan it projekt. Keunstners út de ikoanestêd Palech wurken oan it beskilderjen fan de alterromte, yn in letter stadium folge de beskildering fan de hiele katedraal.

It tsjerkegebou wurdt beskôge as in monumint foar de slachtoffers fan Stalin's terreur. By de ynwijing fan de katedraal op 1 septimber 2011 betocht patriarch Kirill wiidweidich de slachtoffers fan de Gûlag. Hy neamde de katedraal it symboal fan de oerwinning op it kwea. Yn dat ramt fertelde de patriarch ek dat syn heit yn dat tiidrek op de jûn foar syn trouwen oppakt waard, om 't er meisongen hawwe soe yn in amateurkoar yn ien fan de tsjerken fan Sint-Petersburch.[1]

Foar de bou tsjinne de âlde russyske arsjitektuer fan Vladimir en Novgorod as foarbyld.

De bou fan de katedraal koste mear as 900 miljoen rûbel en waard mooglik makke troch de regionale oerheid en jeften fan partikulieren.

Yn 2015 waard der in monumint op it katedraalplein oprjochte foar Sint-Innosintius, de apostel fan Sibearje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Магадан)