Transfiguraasjekatedraal (Tambov)
Transfiguraasjekatedraal
Спасо Преображенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tambov | |
plak | Tambov | |
koördinaten | 52° 43' N 41° 27' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1694-1783 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 681410458650006 | |
Webside | ||
(ru) Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спасо Преображенский собор; Spaso Preobrazjenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn 'e stêd Tambov yn Ruslân. De katedraal waard yn 'e jierren 1694-1783 boud. It ûntwerp is in kombinaasje fan 'e tradisjonele Russyske katedralen - in fjouwerhoekich grûnplan, in sintrale koepel en fjouwer lytse koepels - mei stylfoarmen fan 'e Europeeske rokoko.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1694 waard mei de bou fan 'e katedraal op oantrunen fan 'e doetiidske biskop Pitirim útein set. De katedraal moast op itselde plak in lytsere houten Transfiguraasjetsjerke ferfange. De biskop makke troch ferstjerren de foltôging sels net mear mei en waard yn 'e katedraal begroeven. It tsjerkegebou waard mei help fan 'e keapman Matvej Borodin pas yn 1783 foltôge.
Yn 1812 waard in frijsteande, 42,5 meter hege klokketoer boud, dy't de houten klokketoer ferfong.
Foar de revolúsje die de katedraal tsjinst as grêfplak foar de biskoppen fan it bisdom en in soad pylgers besochten de reliken fan 'e hillich ferklearre Pitirim en de troch him skildere ikoanen. Oan it begjin fan 'e 20e iuw brochten tsaar Nikolaas, gruthartoginne Elisabeth Fjodorovna en Jehannes fan Kronstadt in besite oan 'e katedraal.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard yn 1929 yn 'e Sovjet-tiid yn opdracht fan de autoriteiten sletten. Yn 'e katedraal fûn in regionaal museum ûnderdak. De klokketoer waard yn 1931 ôfbrutsen. Op 14 maaie 1974 waard de katedraal erkend as in monumint.
Weromjefte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan it kommunisme waard yn 1991 besletten de katedraal werom te jaan oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De oerdracht oan it bisdom fûn yn 1993 plak yn it ramt fan in besite fan patriarch Aleksi II. Ek de troch de bolsjewiken yn beslach nommen reliken waarden oan 'e katedraal werom jûn. De jierren dêrnei waarden de krusen wer op de koepels set. Yn 2011 folge mei help fan âlde mjittings en tekeningen de weropbou fan 'e klokketoer. Oars as de histoaryske trije ferdjippings tellende toer krige de toer by de weropbou in fjirde ferdjipping.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский собор (Тамбов)
|